Hjerringslynder: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: ar:غطاس متوج
JYBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: vi:Chim lặn mào lớn
Rigel 70: Rigel 70:
[[tr:Bahri]]
[[tr:Bahri]]
[[uk:Велика пірникоза]]
[[uk:Велика пірникоза]]
[[vi:Chim lặn mào lớn]]
[[zea:Fuut]]
[[zea:Fuut]]
[[zh:鳳頭鷿鷈]]
[[zh:鳳頭鷿鷈]]

De ferzje fan 9 aug 2012 om 09.08

Berjocht:Soart De hjerringslynder (Podiceps cristatus) is in echte wetterfûgel. Jo sjogge him it meast swimmend op fearten en marren. Út en troch dûkt er ûnder om in ein fierderop wer boppe wetter te kommen.

Oare Fryske nammen

De hjerringslynder wurdt yn Fryslân ek wol beneamd as Grutte Ieldûker, Ielslynder as Kroandûker.

Uterlik

De hjerringslynder is goed wer te kennen oan syn wyt boarst en syn donkere earplûmen.

Gedrach

Yn april/maaie begjinne de hjerringslynders elkoar mei pearfoarming. Dat dogge se op opfallende wize. Se draaie om elkoar hinne en geane rjochtop stean. Ek biede se elkoar reiden en oar nêstmateriaal oan. It nêst is in grutte bulte reiden dy't yn it wetter driuwt. De fûgels briede sa'n 27-29 dagen op 4 aaien. De swart-wyt streepte jongen kinne fuort swemme mar se binne noch in skoft fan de âlden ôfhinklik foar harren iten. Se farre ek geregeld mei op de rêch fan harren âlden. Bytiden dûke se sels mei as heit of mem ûnder wetter dûkt.