Litousk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: frr:Litauisk
TjBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: ilo:Pagsasao a Lituano
Rigel 50: Rigel 50:
[[id:Bahasa Lituavi]]
[[id:Bahasa Lituavi]]
[[yi:ליטוויש]]
[[yi:ליטוויש]]
[[ilo:Pagsasao a Lituano]]
[[io:Lituaniana linguo]]
[[io:Lituaniana linguo]]
[[yo:Èdè Lituéníà]]
[[yo:Èdè Lituéníà]]

De ferzje fan 8 aug 2012 om 04.10

It Litousk is in Yndogermaanske taal dy't troch likernôch 4 miljoen minsken praat wurdt. It is de offisjele taal yn Litouwen en de amtstaal fan de Europeeske Uny. It Litousk en it Letsk binne de beide talen fan de Baltyske taalgroep. 2,9 miljoen sprekkers fan it Litousk wenje yn Litouwen. Minderheden binne der yn it noardwesten fan Wyt-Ruslân en yn it noardeasten fan Poalen. Der is noch in aardige groep emigranten yn oare lannen, wêrfan 120.000 yn Ierlân wenje (2008).

It Litousk hat sân namfallen: nominatyf, genetyf, datyf, akkusatyf, ynstrumintaal, lokatyf en fokatyf. Yn âldere Litouske teksten en guon dialekten binne noch trije farianten fan de lokative namfal fûn: yllatyf, adessyf en allatyf. Under oare troch it bûgingsferskaat is it Litousk nijsgjirrich foar de histoaryske lingwistyk, it Proto-Yndo-Europeesk hie dy eigenskip ek.