Skear: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.2) (Bot - derby: it:Scoglio
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: fo:Sker
Rigel 31: Rigel 31:
[[es:Escollo]]
[[es:Escollo]]
[[et:Skäär]]
[[et:Skäär]]
[[fo:Sker]]
[[gd:Sgeir]]
[[gd:Sgeir]]
[[hu:Sérsziget]]
[[hu:Sérsziget]]

De ferzje fan 3 aug 2012 om 02.44

In skear yn ûndjip wetter foar de kust fan it eilân Krøttøy yn Noarwegen.
Loftfoto fan de skearekust by Turku, Finlân.
Argipel

In skear is in lyts rotseilantsje, ornaris te lyts om op te wenjen. It kin sels allinnich út ien stik rots bestean. Skearen binne ûntstean yn de iistiden yn ferskate gebieten fan it noardlik healrûn.

Etymology

De wurd skear komt fan it Aldnoarske wurd sker, dat letterlik in rots yn de see betsjut. It wurd komt yn alle Skandinavyske talen foar: Yslânsk en Faroëesk: Sker Noarsk: Skjær en skjer Sweedsk: Skär Finsk: Kari

Grutte eilannegroepen dy’t út skearen besteane wurde yn Skandinaavje skärgård (Sweedsk) skjærgård (Noarsk en Deensk) en saaristo (Finsk) neamd. Dat betsjut letterlik skearetún.

Wittenskiplike yndieling en ûntstean

Yn de stúdzje fan de geomorfology wurde de skearen tegearre mei de holmen (gruttere, ticht beboske eilannen) by de saneamde roches moutronnees rekkene. Dat is in oerkoepeljend wurd foar rotseftige lânskipsfoarmen dy’t troch de glasiale eroazje ûntstean binne. Lykas fjorden is de skearekust ûntstien yn iistiden. Nei it fuortranen fan de grutte iismassa’s binne de rotsformaasjes, dy't lykas de oare parten fan it lân ûnder de tige grouwe iislaach sieten, yn de lêste 10.000 jier wer boppe de seespegel kaam as lytse eilantsjes. It geologyske proses fan lânoptilling yn bygelyks Skandinaavje giet noch hieltyd troch, wêrtroch de lytse eilantsjes oangroeie bliuwe. Gruttere skearen kinne in oerflak fan in pear kante kilometers berikke.

Foarkommen

Skearen komme foar op it noardlik healrûn. Se komme foar by it Skagerrak, de Eastsee, en de Botnyske Golf lâns en yn it noarden fan Ruslân, bygelyks by it Taymyr Skiereilân. Ek binne yn Ruslân de Mininaskearen yn de Karasee. Ferneamd binne de skearen fan Bohuslän oan de Sweedske westkust, de skearen fan Stokholm oan de Sweedske eastkust, en fan Turku oan de Finske súdwestkust. Ek yn Noarwegen, dat benammen ferneamd is om syn fjorden, binne oan hast de hiele kust skearen te sjen.

Yn Noard-Amearika, by de kust fan Kanada en fan de Feriene Steaten lâns komme ek skearen foar.