Thorfinn Karlsefni: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: ro:Thorfinn Karlsefni
L r2.7.3) (Bot - derby: pl:Thorfinn Karlsefni
Rigel 40: Rigel 40:
[[nn:Torfinn Karlsevne]]
[[nn:Torfinn Karlsevne]]
[[no:Torfinn Karlsevne]]
[[no:Torfinn Karlsevne]]
[[pl:Thorfinn Karlsefni]]
[[ro:Thorfinn Karlsefni]]
[[ro:Thorfinn Karlsefni]]
[[ru:Торфинн Карлсефни]]
[[ru:Торфинн Карлсефни]]

De ferzje fan 6 jul 2012 om 03.17

Thorfinn Karlsefnis ekspedysje nei Vinland 1=Noarwegen, 2=Yslân, 3=East-delsetting (Grienlân), 4=Westdelsetting (Grienlân), 5=Helluland (Baffinland), 6=Markland (Labrador) 7=Bjarney (Newfoundland), 8=Vinland (Sint-Lorenz-Golf)

Thorfinn Karlsefni (Þorfinnur Karlsefni) wie in Yslânsk ûntdekkings- en hannelsreizger. Hy kaam út in tige begoedige en ynfloedrike famylje út Skagafjörður, noard-Yslân; wie de soan fan Thórdar Hesthöfðar ('Hynstekop') en syn frou Thorunn.

Grienlân

Thorfinn wie nei Grienlân fard om te hanneljen. Hy oerwintere dêr en troude dêr yn 1002 mei Gudrid Thorbjarnardottir, de widdofrou fan Thorstein Eriksson. Om 1009 hinne late er in ekspedysje mei trije skippen en sa'n 160 kolonisten nei Amearika, troch de Wytsingen Vínland (Wynlân) neamd.

Amearika

Yn Amearika oankaam waard in kamp boud oan in baai, dy't Thorfinn Straumsfjord neamde. Fermoedlik wie dat earne op Newfoundland. Dêr waard dy earste simmer harren soan Snorri Thorfinnson berne, de earste Europeaan dy't yn Amearika berne waard, foar safier't wy witte. Nei in swiere winter giene de Wytsingen it nije foarjier fierder nei it suden. By de mûning fan in rivier stiften se doe in permaninte delsetting dy't hja Hóp neamden. It takom jier koe it hanneljen mei de lânseigen Yndianen begjinne. De Wytsingen neamden harren Skraelingen. Dit gie in skoft goed, mar waard elts jier dreger, oant de Yndianen sels de Wytsingen oanfoelen. Thorfinn en dy sloegen op de flecht, mar Freydís Eiríksdóttir skelde de manlju foar lefferts út, naam it swurd fan in deade lângenoat en joech in oarlochsgjalp. De Yndianen wiene tige ûnder de yndruk fan dizze blonde Wytsingfrou, dat se flechten. Thorfinn hie gjin ferlet fan in kriich mei de Yndianen, ek om't se net manmachtich wie, en besleat werom te gean nei de Straumsfjord, en lang om let sette men wer ôf nei Grienlân. Sy hiene doe sa'n trije jier yn Hóp wenne.

Trivia

Boarne

De Grœnlendinga saga ("Sêge fan de Grienlanners") en Eiríks saga rauða binne Yslânske sêges; se foarmje de haadboarnen dy't de Noardske ûntdekking en koloanisaasje fan Noard-Amerika ferhelje.

De sêge wurdt bewarre yn it let 14e-ieuske Flateyjarbók, dêr't it barren tusken 970 oant 1030 yn beskreaun wurdt. In protte fan it ferhaal is betocht, mar der sil ek histoarysk wiere feiten yn sitte.

Keppeling om utens