Massa (natuerkunde): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - oars: id:Jisim
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: id:Massa
Rigel 51: Rigel 51:
[[hu:Tömeg]]
[[hu:Tömeg]]
[[ia:Massa]]
[[ia:Massa]]
[[id:Jisim]]
[[id:Massa]]
[[yi:מאסע]]
[[yi:מאסע]]
[[io:Maso]]
[[io:Maso]]

De ferzje fan 30 jun 2012 om 13.12

Massa is in natuerkundige grutheid dy't in eigenskip fan matearje oanjout. Dy eigenskip, dy't omskreaun wurde kin as hoemannichte matearje, utert him op twa manieren. Oan de iene kant is matearje 'swier', wat ynhâldt dat se gravitaasje ûnderfynt en oan de oare kant is matearje 'traach', wat ynâldt dat se har ferset tsjin feroaring fan beweging. Yn it earste gefal is sprake fan swiere massa, yn it twadde gefal fan trage massa. De SI-ienheid van massa is de kilogram. Fan objekten op de ierde wurdt de massa meastentiids fêststeld troch it gewicht te mjitten of mei dat fan bekende massa's te fergelykjen.

De kilogram waard yn 1889 definiearre as de massa fan in stik edelmetaal (in legearing fan platina mei 10% iridium) dat yn it "Bureau International des Poids et Mesures" (Sèvres, Frankryk) bewarre wurdt ûnder in lofttichte stjelp. Dizze itichmassa is lykwols net botte betrouber; it oankleven fan smoargens is frij goed te foarkommen, mar it ferdampen fan de metalen makket de itichmassa lichter. Der waarden in pear eksakte kopyen fan dizze 'originele' kilogram makke.

Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA