Konsonant: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
AvocatoBot (oerlis | bydragen) L r2.7.1) (Bot - oars: be:Зычныя |
L r2.7.3) (Bot - derby: yi:קאנסאנאנט |
||
Rigel 71: | Rigel 71: | ||
[[hu:Mássalhangzó]] |
[[hu:Mássalhangzó]] |
||
[[id:Konsonan]] |
[[id:Konsonan]] |
||
[[yi:קאנסאנאנט]] |
|||
[[io:Konsonanto]] |
[[io:Konsonanto]] |
||
[[is:Samhljóð]] |
[[is:Samhljóð]] |
De ferzje fan 21 jun 2012 om 20.04
In konsonant is in bylûd. In lûd dat derby komt.
It Frysk hat de neikommende konsonanten; B, C (allinnich mei de H), D, F, G, H, J, K, L, M, N, P, R, S, T, V, W, Z.
De twa wichtichste ferskillen tusken konsonanten en fokalen:
- Fokalen kinne beklamme wurde en dêrtroch in wurdlid foarmje; konsonanten kinne dat net.
- By konsonanten wurdt de luchtstream troch de mûle op de iene of oare wize behindere en by fokalen net.
Yndieling
Der binne trije yndielingskritearia.
- 1 Konsonanten wurde yndield neffens it artikulaasjeplak yn de mûle.
- bilabiaal / twalippich - p b m β
- labiodentaal / liptoskich - f v w
- dentaal / by de tosken - t d s z r l n
- palataal / by it hurde ferwulft - j
- felaar / by it sêfte ferwulft - g k ɣ j w ŋ
- de kielholte - h
- 2 De behindering fan de luchtstream en it lûdeffekt.
- Koarte folsleine ôfsluting, ploflûd (ploffer) - p t k b d g
- Unfolsleine ôfsluting, rûslûd (rûzer) - f s x v z ɣ j w β
- Lucht troch de noas, noaslûd (nasaal) - m n ŋ
- Underbrutsen ôfsluting (floeilûd) - l r
- Hielendal gjin behindering (heallûd) - h
- 3 Stimhawwend of stimleas.
- Stimhawwend - b d g v z ɣ
- Stimleas - p t k f s x
- Ynherint stimleas - h
- Ynherint stimhawwend - m n ŋ r l j w β
De konsonanten wurde neffens punt 2 yn fiif groepen yndield: de ploffers, rûzers, nasalen, floeilûden en heallûden.