Maas: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Amirobot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: fa:موز (رود)
L r2.7.1) (Bot - oars: eu:Mosa (ibaia)
Rigel 63: Rigel 63:
[[es:Río Mosa]]
[[es:Río Mosa]]
[[et:Maas]]
[[et:Maas]]
[[eu:Mosa ibaia]]
[[eu:Mosa (ibaia)]]
[[fa:موز (رود)]]
[[fa:موز (رود)]]
[[fi:Maas]]
[[fi:Maas]]

De ferzje fan 19 jun 2012 om 13.19

Lizzing fan de Maas
De Maas by Maastricht.

De Maas is ien fan de twa grutte rivieren dy't troch Nederlân streame. De rivier hat in lingte fan likernôch 925 kilometer en rint troch trije lannen: Frankryk, Belgje en Nederlân. De Maas wurdt fiede troch reinwetter.

Rin

Frankryk

De Maas fynt harren oarsprong yn Frankryk, by Pouilly-en-Bassigny, op it Plato fan Langres. Dit is ek it plak dêr't de boarnen fan de Seine en de Marne lizze. De rivier giet fan Pouilly-en-Bassigny yn noardlike rjochting nei de Frânske Ardennen en Lotaringen en komt by Ferdun en Sedan del. Fan Sedan ôf is de Maas te befarren. By Givet giet de rivier de grins mei Belgje oer.

Belgje

By it Belgyske Namen streamt de rivier de Sambre yn de Maas. Fan hjirôf bûcht de rivier nei it easten en berikt it de grutste stêdekloft oan har rin, Luik en de omkriten fan dy stêd. Nei dit gebiet bûcht de rivier wer yn noardlike rjochting nei Maastricht ta.

By Eijsden foarmet de Maas in skoftke de grins tusken Belgje en Nederlân, mar by Maastricht komt de rivier op Nederlânsk grûngebiet.

Nederlân

Yn Nederlân komt de Maas súdlik fan Maastricht de grins oer en rint dan yn noardlike rjochting nei Roermond. Oan de noardkant fan Maastricht foarmet de Maas wer de grins mei Belgje, fan dêr ôf komt de Maas foargoed hielendal op Nederlânsk grûngebiet.

By Kessenich lizze tal fan lytse marren, de saneamde Maasplassen. Dizze binne ûntstien troch de grintwinning dy’t dêr plak fynt. Tusken Maastricht en Maasbracht leit it Julianakanaal dat foar de skipfeart befarbar makke is. By Roermond wurdt de Maas foar de skipfeart ûnderbrutsen troch it Lateraalkanaal.

Nei Roermond giet de rivier fierder nei it noarden, nei Fenlo, en rint it likernôch parallel oan de Dútske grins, dat inkele kilometers nei it easten ta leit. By Arsen leit it meast eastlike punt fan de rivier en giet it stadichoan mear nei it westen ta. By it lytse plakje Geijsteren giet de Maas de grins tusken Limburch en Noard-Brabân foarmjen, en by Mook wurdt dit de grins tusken Gelderlân en Noard-Brabân.

It lêste grutte plak oan de Maas is Den Bosk, ek lizze der noch inkele âlde festingstêdsjes as Grave en Ravenstein oan de rivier. By Heusden, ek sa’n âlde festingstêd, wurdt de Maas in twaën splitst. Nei it noarden giet de Ofdame Maas en fierder nei it westen komt de Maas út yn it Hollânsk Djip yn Seelân.

De Maas yn de Franske Ardennen

Wichtige plakken

Inkele wichtige plakken oan de Maas binne: