Guillotine: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: war:Guillotina
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: mzn:گیوتین
Rigel 53: Rigel 53:
[[lt:Giljotina]]
[[lt:Giljotina]]
[[mk:Гилотина]]
[[mk:Гилотина]]
[[mzn:گیوتین]]
[[nl:Guillotine]]
[[nl:Guillotine]]
[[nn:Giljotin]]
[[nn:Giljotin]]

De ferzje fan 17 jun 2012 om 11.56

Replika's (skeal 1 op 6) fan de twa meast brûkte Franske guillotines. Model 1792 lofts, model 1872 rjochts

De guillotine of falbile is in stik ark wêrmei't in ta de dea feroardielde ûnthalze wurde kin.

De guillotine is fral bekend fan de Frânske Revolúsje, mar foartiids wiene der ek al soksoarte masines . De earste ûnthalzing dêr't oar skreaun is, is dy mei de Halifax Gibbet yn 1286 te Halifax, West Yorkshire yn Ingelân dêr't men de falbile oant de 17e ieu brûken bleau. Ek yn Skotlân waard in gibbet, mei in rjocht of healrûn mes, brûkt.

Eftergrûn

De guillotine is neamd nei Joseph-Ignace Guillotin (1738 - 1814), dy't útstelde de guillotine as standerd eksekúsjemetoade te brûken. Guillotin wie in fûl tsjinstanner fan de deastraf. Hy hope dat de guillotine in tuskenstap op wei nei folsleine ôfskaffing fan de deastraf wêze soe. Kening Loadewyk XVI dy't tige niget oan technyk hie, seach it apparaat en stelde in tal ferbetteringen út, dêr't it skean ôfrinnen fan de bile ûnder wie, opdat it mes troch de hals 'snije' soe. Hy liet in oanpaste ferzje meitsje troch syn liifdokter Louis. Loadewijk stoar letter sels ûnder de ferbettere guillotine.

De guillotine as iennige wize fan eksekúsje wie in stap yn de rjochting fan de troch de Frâns revolúsjonêren foarstiene gelikens fan alle boargers. Dizze metoade waard brûkt oant de deastraf yn Frankryk ôfskaft waard yn 1981. Ta de dea feroardiele militêren krigen lykwols hieltyd de kûgel yn Frankryk.

De guillotine yn Nederlân

Om 1800 hinne waard de guillotine troch de Frânsen ek yn Nederlân yntrodúsearre. Oare foarmen fan de deastraf, útsein wjirging, waarden ferbearn. Op 15 juny 1812 waard de guillotine yndied foar it earst yn Nederlân brûkt. Dizze terjochtstelling barde foar de Alde Weach op de Nieuwmarkt yn Amsterdam. Op 1 maaie 1813 is yn Den Haach nochris fan de guillotine gebrûk makke om de njoggentjinjierrige Andriana Bouwman te eksekútearjen. Hja waard ta de dea feroardiele fanwege brântichting op in pleats dêr't hja tsjinne.