Patriottetiid yn Boalsert: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 22: Rigel 22:


== Unrêst yn Boalsert ==
== Unrêst yn Boalsert ==
[[Ofbyld:1750 0nder de pilaren.jpg|thumb|left|300px|De [[Tille]] by Easterwierrum ± 1750, mei de herberch, wêr't de trekschuiten fan hynder wiksele]]
[[Ofbyld:1750 0nder de pilaren.jpg|thumb|left|300px|De [[Tille]] by Easterwierrum ± 1750, mei de herberch, dêr't de trekschuiten fan hynder wiksele]]
Yn de simmer fan [[1787]] lôge it konflikt op, net allinnich omdat de stêd Utert oanfallen waard. Ein maaie waard it de eksersysjegenoatskippen yn Fryslân ferbean om nije wapens oan te skaffen. Studinten en heechleararen yn Frjentsjer waard ferbean oan eksersysjes mei te dwaan. Yn augustus ferbea Provinsjale Steaten, by de driging fan in Prusyske ynfal, Hollân te helpen. In tsiental Fryske steateleden ûnder lieding fan [[Court Lambertus fan Beyma]], de lieder fan de Fryske patriotten, ferskânze him doe yn [[Frjentsjer]]. Yn Boalsert waarden yn de earste wike fan septimber in oantal definsive maatregelen nomd: it stedje is binnen in wike troch de frijwillige skutterij yn steat fan paraatheid brocht. De bolwurken waarden ophege ûnder lieding fan de út [[Siegen]] ôfkomstige skoalmaster H.C. Achenbach, in eks-militêr út it [[Steatske leger]].<ref>Letter troch justysje ''hate fanwege syn bedaarde kriichskunde''.</ref> Der waard 500 gûne liend fan de abbekaat Taco Mesdag om de arbeiders op sneontejûn yn de kroech út te beteljen.
Yn de simmer fan [[1787]] lôge it konflikt op, net allinnich omdat de stêd Utert oanfallen waard. Ein maaie waard it de eksersysjegenoatskippen yn Fryslân ferbean om nije wapens oan te skaffen. Studinten en heechleararen yn Frjentsjer waard ferbean oan eksersysjes mei te dwaan. Yn augustus ferbea Provinsjale Steaten, by de driging fan in Prusyske ynfal, Hollân te helpen. In tsiental Fryske steateleden ûnder lieding fan [[Court Lambertus fan Beyma]], de lieder fan de Fryske patriotten, ferskânze him doe yn [[Frjentsjer]]. Yn Boalsert waarden yn de earste wike fan septimber in oantal definsive maatregelen nomd: it stedje is binnen in wike troch de frijwillige skutterij yn steat fan paraatheid brocht. De bolwurken waarden ophege ûnder lieding fan de út [[Siegen]] ôfkomstige skoalmaster H.C. Achenbach, in eks-militêr út it [[Steatske leger]].<ref>Letter troch justysje ''hate fanwege syn bedaarde kriichskunde''.</ref> Der waard 500 gûne liend fan de abbekaat Taco Mesdag om de arbeiders op sneontejûn yn de kroech út te beteljen.


Rigel 38: Rigel 38:
De sân efterbleaune offisieren fan de frijwillige skutterij en trije boargerkommitearden - earder dy moanne yn sân hasten beneamd om de froedskip te kontrolearjen - waarden yn de nacht fan 1 oktober yn in [[trekskûte]] nei Ljouwert brocht. Under harren wie de menniste fabrikant Wopke Cnoop, dy't yn de finzenis in koart betize deiboek byhold fan wat er mei makke. Troch in misferstân - it wie net dúdlik wa't de kaai hie - fergeat de flechtsjende Van Beyma (of syn sekretaris} ûndertekenen en dus tige belêstende stikken út Frjentsjer wei mei te nimmen. Foar justysje wie it dêrnei "maklik" in sântal patriotten út Boalsert te feroardielen. Cornelis van den Burg krige ien fan de swierste straffen dy't destiids útsprutsen binne. Hy waard ta de dea feroardield fanwege syn radikale demokratyske opfettings. Dochs, blyndoeke en knibbeljend op it skafot waard hy binnen roppen. Hy krige te hearren dat him foar tweintich jier de tagong ta Fryslân ûntsein waard en binnen trije dagen it lân romje moast. De oare finzenen krigen tsien, seis, fjouwer jier ferbanning of in jildboete oplein. Twa finzenen stoaren yn finzenskip troch de ekstreme winter yn [[1788]], dy't al betiid ynfoel. Van den Burg gie nei syn freonen yn Noard-Frankryk. Dêr learden inkele tûzenen patriotten oer de prinsipes fan de [[Frânske Revolúsje]] en wachten oant de kânsen keare soene.
De sân efterbleaune offisieren fan de frijwillige skutterij en trije boargerkommitearden - earder dy moanne yn sân hasten beneamd om de froedskip te kontrolearjen - waarden yn de nacht fan 1 oktober yn in [[trekskûte]] nei Ljouwert brocht. Under harren wie de menniste fabrikant Wopke Cnoop, dy't yn de finzenis in koart betize deiboek byhold fan wat er mei makke. Troch in misferstân - it wie net dúdlik wa't de kaai hie - fergeat de flechtsjende Van Beyma (of syn sekretaris} ûndertekenen en dus tige belêstende stikken út Frjentsjer wei mei te nimmen. Foar justysje wie it dêrnei "maklik" in sântal patriotten út Boalsert te feroardielen. Cornelis van den Burg krige ien fan de swierste straffen dy't destiids útsprutsen binne. Hy waard ta de dea feroardield fanwege syn radikale demokratyske opfettings. Dochs, blyndoeke en knibbeljend op it skafot waard hy binnen roppen. Hy krige te hearren dat him foar tweintich jier de tagong ta Fryslân ûntsein waard en binnen trije dagen it lân romje moast. De oare finzenen krigen tsien, seis, fjouwer jier ferbanning of in jildboete oplein. Twa finzenen stoaren yn finzenskip troch de ekstreme winter yn [[1788]], dy't al betiid ynfoel. Van den Burg gie nei syn freonen yn Noard-Frankryk. Dêr learden inkele tûzenen patriotten oer de prinsipes fan de [[Frânske Revolúsje]] en wachten oant de kânsen keare soene.


Yn jannewaris [[1795]] - by de komst fan it Bataafske legioen - is boargemaster Van Hiemstra ôfsetten. Hy flechte fan [[Oentsjerk]] nei [[Emden]]. Katoliken en mennisten krigen dêrnei mear rjochten en ôffurdigen yn de [[Earste Nasjonale Gearkomst]]. Rûnom yn Nedrl6an waard de erflikheid fan amten plachtich ôfsward. Ta beslút, yn [[1811]], yn de lêste jeirren fan it Frânske bewâld, waard de ried fan Boalsert dochs noch troch de helt dien en oer de beneamde of keazen [[boargemaster]] binne de mienings noch altyd ferdield.
Yn jannewaris [[1795]] - by de komst fan it Bataafske legioen - is boargemaster Van Hiemstra ôfsetten. Hy flechte fan [[Oentsjerk]] nei [[Emden]]. Katoliken en mennisten krigen dêrnei mear rjochten en ôffurdigen yn de [[Earste Nasjonale Gearkomst]]. Rûnom yn Nederlân waard de erflikheid fan amten plachtich ôfsward. Ta beslút, yn [[1811]], yn de lêste jeirren fan it Frânske bewâld, waard de ried fan Boalsert dochs noch troch de helt dien en oer de beneamde of keazen [[boargemaster]] binne de mienings noch altyd ferdield.


== Brûkte literatuer==
== Brûkte literatuer==

De ferzje fan 10 jun 2012 om 08.32

Foargevel fan it stêdhûs fan Boalsert

De patriotten yn Boalsert hellen tusken 1782 en 1789 lanlike oandacht fan de parse, troch harren ferset en striid tsjin it steedhâlderlik stelsel en de opsluting en feroardieling fan in oantal patriotten.

Foarspul

Yn 1773 stelde de steedhâlder Willem V foar om fan de froedskip fan Boalsert - besteande út seis boargemasters, twa riedslieden en 24 froedskipsleden – helte der ôf te dwaan. Der wienen net genôch kwalifisearre kandidaten op in befolking fan 2.500 ynwenners. Boppedat wienen Katoliken (ûngefear 30% fan de befolking), Menisten (5%) en Lutersken en Joaden (5%) destiids útsluten fan it froedskipsamt. Omdat der skeel ûntstie, kaam der in nij foarstel yn 1776, wêrby’t de rie mar mei ien tredde fermindere wurde soe. Yn 1778 stelde de steedhâlder foar it ûnderwerp gwurde te litten, omdat der dochs noch in lid tsjinstimde. Blykber wie in mearderheid fan stimmen net genôch. Dochs liet de prinsgesinde boargemaster Schelto fan Hiemstra yn syn folgjende amtsperioade de froedskip op autokratyske wize "útstjerre". Miskyn net ferkeard, want Amsterdam, in stêd mei mear as 200.000 ynwenners hie destiids fjouwer boargemasters en 34 froedskipsleden.

In desimber 1782 waard boargemaster Van Hiemstra, dy’t net yn Boalsert wenne en krektas syn foargongers nea amtenjild betelle hie, bûtenspul setten. De spanning wie oprûn omdat Van Hiemstra yn augustus fan dat jier in Oranjegesinde stêdssekretaris beneame wollen hie, noch foardat de ferstoarne sekretaris begroeven wie.[1] It slagge de patriotten S. Braaksma beneamd te krijen op grûn fan prosedurele fouten, it earste súkses. Binnen in jier rekke Van Hiemstra – dy’t der faak net by wie en by gelegenheid op himsels stimde – syn boargemastserssit en jierrenlange ôffurdiging nei de Provinsjale Steaten kwyt.[2] De steedhâlder ûnderkende dat Van Hiemstra yn behyplike omstannichheden siet.[3]

De patriotten yn Boalsert hienen harren opmerklike súksessen yn 1782 en 1783 te tanken oan in oantal kundige en trochtaastende sislju, ûnder oare notaris N. Elgersma, de ierdewyrkfabrikant F. Tichelaar en de abbekaat A. van den Burg. De patriottyske magistraat fan Boalsert werstelde de grutte fan de froedskip, him basearjend op âlde rjochten út 1637 en proseduerefouten.[4] De feitlike beneaming fan in oantal nije froedskipsleden waard noch lange tiid tsjinhâlden, omdat de foardroegen kandidaten te min kapitaal hienen: lidmaatskip fan de grifformearde tsjerke en it besit fan in eigen hûs wienen destiids needsaaklike betingsten.

It eksersysjegenoatskip fan Snits, troch H. van de Velde, ca. 1786

De frijwillige skutterij

Yn de lange strange winter fan 1784 wie troch it genoatskip Frije Friezen yn Harns in priisfraach útskreaun om praktyske advizen te leverjen oangeande in optimaal organisearre, provinsjale boargermilysje.[5] Yn oktober 1784, nei it fertrek fan hartoch fan Brunswijk, ûntstie der in nije situaasje yn de Republyk. De Eastenrykske keizer Jozef II besocht mei in pear skippen tagong oer de Westerskelde te forsearjen. It gefolch wie de saneamde tsjetteloarloch, wêr’t gjin inkel skot by foel. Op 7 jannewaris 1785 waard yn Ljouwert (opnij) besocht om in provinsjaal leger te organisearjen. De eangst foar woeste Kroaten en Hongaren, tsjinst dwaande yn it Eastenrykske leger, spile in net ûnbelangrike rôl yn de propagandaoarloch. Hûs en hiem, frou en bern moasten beskerme wurd, sa’t it omskreaun waard.

De patriotten yn Boalsert hawwe op 21 jannewaris in frijwillige skutterij oprjochte, wêr't eltsenien lid fan wurde koe en de offisieren demokratysk keazen wurde soenen. Mar ien boargemaster, G. Rondaan, stimde úteinlik foar, in beslissing dy't mooglik noch swier op him rêste soe.[6] De froedskip protestearre meio in útset lûd tsjin de ôfwêzigens fan safolle magistraatsleden, wêrûnder fansels de fjouwer prinsgesinde boargemasters. Twa eardere patriotten keazen wyls foar in evenrediger koers. Ald-boargemaster Tichelaar wegere elke meiwurking, mar ek boargemaster Elgersma drukte syn snor, wylst hy n.b. inkele moannen earder 2.600 gûne út de tegoeden fan it Sint Antonygasthûs helle hie foar de oanskaf fan wapens en unifoarms. It lot fan Johan van Oldenbarnevelt wie blykber genôch om hoeden te wêzen mei it setten fan hântekenings foar it organisearjen fan pleatslike of provinsjale milysjes. Wyls waard troch twa kompanjyën fan elk 40 man alle wiken oefene yn de Broeretsjerke, en op ûngewoane wize, opsteld nei natuerlike grutte. Boargemaster Van Hiemstra stelde foar twa trommels en fluiten te skinken, mar de offisieren wiisden it foarstel fan de hân, omdat gjin oar wapen as dat fan de stêd akseptearre wurde koe. It duorre oant 30 augustus 1786, eardat provinsjale tastimming ferliend waard en offisjeel de offisieren beneamd wurde koenen. De kriichsried fan de frijwillige skutterij ferbea lykwols alle festiviteiten.

De situaasje eskkalearre yn augustus 1786 troch wat bard wie yn Utert, wêr't de lanlike gearkomsten fan frijkorpsen en eksersysjegenoatskippen holden wie, mar ek sûnder goedkarring fan de steedhâlder sechtjin nij froedskipleden ynstallearre wienen. Daendels, dy't it eksersysjegenoatskip yn Hattem oanfierde, easke in wike letter in sit yn de net komplete froedskip op, wêrnei't Hattum op 5 septimber beset waard troch steedhâlderlike troepen. Doe untstie de eangst dat ek it "demokratysk eldorado" Utert bedrige wurde soe.

De frijwillige skutterij yn Boalsert tsjinne op 11 septimber in foarstel yn ta de oankeap fan krût en munysjke. It útstel kaam fan de kapitein fan de frijwillige skutterij, Cornelis van den Burg, dy't earder dy dei op "demokratyske" wize, dus sûnder goedkarring fan de steedhâlder, as boargemaster beneamd wie. Elgersma, de rykste man yn Boalsert, wie wyls hielendal om gien en rjochte syn oandacht op in finansjele posysje yn de Provinsjale Steaten. It slagge him om Van Hiemstra te passearen, dy't dêrnei by de steedhâlder syn beklach die. Troch in soarte gearkomsteferbod is der net folle bekend oer de patriotten en de frijwillige skutterij yn de perioade oktober 1786 oant maaie 1787, mar de situaasje bleau gêsten omdat yn Fryslân op 1 juny 1787 nije regearingsregleminten yn wurking trede soenen.

Unrêst yn Boalsert

De Tille by Easterwierrum ± 1750, mei de herberch, dêr't de trekschuiten fan hynder wiksele

Yn de simmer fan 1787 lôge it konflikt op, net allinnich omdat de stêd Utert oanfallen waard. Ein maaie waard it de eksersysjegenoatskippen yn Fryslân ferbean om nije wapens oan te skaffen. Studinten en heechleararen yn Frjentsjer waard ferbean oan eksersysjes mei te dwaan. Yn augustus ferbea Provinsjale Steaten, by de driging fan in Prusyske ynfal, Hollân te helpen. In tsiental Fryske steateleden ûnder lieding fan Court Lambertus fan Beyma, de lieder fan de Fryske patriotten, ferskânze him doe yn Frjentsjer. Yn Boalsert waarden yn de earste wike fan septimber in oantal definsive maatregelen nomd: it stedje is binnen in wike troch de frijwillige skutterij yn steat fan paraatheid brocht. De bolwurken waarden ophege ûnder lieding fan de út Siegen ôfkomstige skoalmaster H.C. Achenbach, in eks-militêr út it Steatske leger.[7] Der waard 500 gûne liend fan de abbekaat Taco Mesdag om de arbeiders op sneontejûn yn de kroech út te beteljen.

Net elke patriot yn Boalsert wie ree de rebelearjende "Frjentsjerter Steaten" te steunen, sa blykt út de prosesstikken.[8] Der hawwe fûleindige diskusjes west op moandeitejûn 10 septimber, neidat de pleatslike herberch t Fontein yn de Merkestrjitte omsingele wie troch in fleanend legerke fan fyftich patriotten út Barradiel. It personeel hearde binnendoar geflok en geraas. De offisieren fan de frijwillige skutterij, dy't binnen in gearkomst hienen, waarden foar stiifkoppen útmakke. De offisieren moasten it declaratoir (in pleidoai foar werstel fan rjochten en frijheden) net lêze, mar ûndertekenen, sadat it noch dyselde jûns werombrocht wurde koe! Oant djip yn de nacht waard by Boltsjes thús de ûntstiene situaasje besprutsen en kofje dronken. Ek ûnder de befolking ûntstie eangst. In frou, dy't ea har hûs oranje ferve hie, wie fuort dy jûn begûn om it oer te skilderjen.

De auxiliairen (helptroepen) waarden de earste nacht ûnderbrocht yn de skoalle fan master Achenbach. De oare deis waarden de stedspoarten sluten en de brêgen barrikadearre, neidat der mienskiplik paradearre wie. Noch gau waard besocht de stêdskas yn feilichheid te bringen. P. Westerbaan en syn frou, yn in sjeas ûnderweis nei Ljouwert, waarden 18 km efteneisitten, oant de brêge by Easterwierrum troch Willem Lycklama à Nijeholt. By de weromkomst fan it selskip stelde boargemaster D. Eerdmans yn in taspraak foar it jild oan de Steaten yn Frjentsjer te skinken. Nei ôfrin waard by Westerbaan thús noch ien kocht.

Om in lang ferhaal koart te meitsjen, nei in wike deliberearjen erkende de sleauwe froedkip fan Boalsert op 17 septimber 1787, neidat in seistal ôffurdigen it stêdhûs binnen krongen wie, as ienige stêd yn Fryslân de "Pretense Steaten" yn Frjentsjer. De patriottyske boargemasters B. Braaksma en Eerdmans stimden ta, sadat de rêst yn it stedsje weromkomme koe. It stânpunt fan Cornelis van den Burg hoecht eins net útlein te wurden. De oare boargemasters sieten al wiken thús, net reewillich om hokfoar aksje dan ek te stipen.

Wyls drige Van Beyma de diken troch te stekken as Fryslân beset wurde soe troch in ûnderdiel fan it Pruisyske leger, dat nei it noarden opluts. Albertus Lycklema à Nijeholt, in tekstylhandeler út Boalsert, sette mei de sulversmid B. Jelgerhuis ôf om in oantal kanonnen út Sleat nei De Lemmer te ferslepen. Doe't op sneintemiddei 23 septimber dúdlik waard dat prins Willem V werom komd wie yn Den Haach, der net genôch steun fan de befolking wie, de finansjele middels beperkt wienen, Frankryk net helpen komme soe, waard it de patriotten yn Fryslân oanret om oer De Lemmer en Starum nei Amsterdam te flechtsjen. In twatal, de kolonel J. Boltjes en de majoar F. de Boer, flechte (oer It Amelân) nei Bremen. Wopko Cnoop liende de lêste noch hûndert gûne.

Neiwurking

Ien fan de trije ôfbylden fan de symboalyske eksekúsje fan Cornelis van den Burg op 16 maaie 1789 yn Ljouwert

De sân efterbleaune offisieren fan de frijwillige skutterij en trije boargerkommitearden - earder dy moanne yn sân hasten beneamd om de froedskip te kontrolearjen - waarden yn de nacht fan 1 oktober yn in trekskûte nei Ljouwert brocht. Under harren wie de menniste fabrikant Wopke Cnoop, dy't yn de finzenis in koart betize deiboek byhold fan wat er mei makke. Troch in misferstân - it wie net dúdlik wa't de kaai hie - fergeat de flechtsjende Van Beyma (of syn sekretaris} ûndertekenen en dus tige belêstende stikken út Frjentsjer wei mei te nimmen. Foar justysje wie it dêrnei "maklik" in sântal patriotten út Boalsert te feroardielen. Cornelis van den Burg krige ien fan de swierste straffen dy't destiids útsprutsen binne. Hy waard ta de dea feroardield fanwege syn radikale demokratyske opfettings. Dochs, blyndoeke en knibbeljend op it skafot waard hy binnen roppen. Hy krige te hearren dat him foar tweintich jier de tagong ta Fryslân ûntsein waard en binnen trije dagen it lân romje moast. De oare finzenen krigen tsien, seis, fjouwer jier ferbanning of in jildboete oplein. Twa finzenen stoaren yn finzenskip troch de ekstreme winter yn 1788, dy't al betiid ynfoel. Van den Burg gie nei syn freonen yn Noard-Frankryk. Dêr learden inkele tûzenen patriotten oer de prinsipes fan de Frânske Revolúsje en wachten oant de kânsen keare soene.

Yn jannewaris 1795 - by de komst fan it Bataafske legioen - is boargemaster Van Hiemstra ôfsetten. Hy flechte fan Oentsjerk nei Emden. Katoliken en mennisten krigen dêrnei mear rjochten en ôffurdigen yn de Earste Nasjonale Gearkomst. Rûnom yn Nederlân waard de erflikheid fan amten plachtich ôfsward. Ta beslút, yn 1811, yn de lêste jeirren fan it Frânske bewâld, waard de ried fan Boalsert dochs noch troch de helt dien en oer de beneamde of keazen boargemaster binne de mienings noch altyd ferdield.

Brûkte literatuer

  • Keikes, W.H. (1952) Ynventaris fan de Argiven fan Boalsert.
  • Nieuw Nederlands Jaarboek of vervolg der merkwaardigste geschiedenissen, die voorgevallen zijn de Vereenigde Provincies, de Generaliteitslanden en de Volksplantingen van de Staat (1783), side 879; (1787) siden 1548-9; (1789), side 951, 1430-4.
  • Vaderlandsche Historie vervattende de geschiedenissen der Vereenigde Nederlanden, zints den aanvang der Noord-Americaansche onlusten, ...., diel IXX, side 173-5; diel XXII, side 22-5, 29-31.

Referinsjes

  1. J. de Boer (1987) Vrijkorpsen in Friesland. Yn: W. Bergsma et al. For uwz lân, wiv en bern. De patriottetiid yn Fryslân, side 74.
  2. Eenige brieven betrekkelijk het voorgevallene in Bolswards regeering in de jaaren 1782, 1783 en begin van 1784, side 5. (1785)
  3. Ken. Hûsargyf 221, inv. 22, 7 desimber 1782.
  4. Tegenwoordige Staat van Friesland (1788), side 214-8; 220.
  5. Kok, J. (1784) Oarsprong, oanwaaks, skiednissen, foarrjochten en tsjintwurdige Staat fan de Nederlânske Skutterijen en Eksersysjegenoatskippen, side 178; De Post van den Neder Rhijn V, nr. 211, side. 503-4.
  6. Rondaan waard op 5 septimber 1787 begroeven, details ûnbekend.
  7. Letter troch justysje hate fanwege syn bedaarde kriichskunde.
  8. Ryksargyf Fryslân, ynf. nr. 14-4424, 4425, 4435, 4436, 4442, 4450, 4462, 4463, 4470, 4471.