Aenjewierder Tsjerke: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
nl
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 jun 2012 om 09.51

Aengwirder Tsjerke

De Aengwirder Tsjerke is in tsjerkegebou oan de Pastorijeleane yn Tsjalbert. De herfoarme tsjerke út 1742 is, neffens in gevelstien boppe de yngong oan de westside, boud yn opdracht fan grytman fan Aengwirden Martinus fan Bouricius (1707-1755). De sealtsjerke hat in trijesidich sluten koar en houten geveltoer mei ynsnoerde spits oan de westside. Yn de toer hinget in liedklok (1670) fan klokkejitter Petrus Overney. Yn 1825 waard oan de noardside in dwerspân boud mei in neoklassisistysk toskaanse yngongspoarte. De preekstoel is út de santjinde ieu. It oargel út 1869 is boud troch L. van Dam en Soannen. De tsjerke is in ryksmonumint. Yn 2011 is de tsjerke restaurearre.

De PKN Gemeente Tsjalbert-De Knipe[1] tsjerket ôfwikseljend yn dizze tsjerke en de Nij Brongergea Tsjerke.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4

  1. pkn-tjalleberd-deknipe.nl