Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Redf0x (oerlis | bydragen)
No edit summary
Bernd (oerlis | bydragen)
Rigel 57: Rigel 57:
*'''Botstatus on other wiki :''' [[:Sulutil:RedBot|Global Bot and 31 bot flags, 1.2 Mio. edits]]
*'''Botstatus on other wiki :''' [[:Sulutil:RedBot|Global Bot and 31 bot flags, 1.2 Mio. edits]]
*'''Function Details :''' Global working interwiki-Bot
*'''Function Details :''' Global working interwiki-Bot

== [[Disable local uploads on smaller wikis ]] ==

'''Let op: '''

Op
[http://meta.wikimedia.org/wiki/Requests_for_comment/Disable_local_uploads_on_smaller_wikis '''meta is ne discussie'''] te makke in stop an local uploads fan ofbylde op lytse wikipedies en '''to delete de lokal uploads'''. Is dat ek belangryk foar de Fryske Wikipedy?'''--[[Meidogger:Bernd|Bernd]] ([[Meidogger oerlis:Bernd|talk]]) 21 maaie 2012, 12.19 (CEST)

De ferzje fan 21 mai 2012 om 12.19


Oerlisside
Dizze side is bedoeld foar oerlis, fragen en opmerkings oer it Wikipedy-projekt. Wy hawwe ek in gasteboek foar ús gasten en in kommentaarside foar algemiene fragen oer de Wikipedy.

De Mienskipside is der foar meidoggers, en minsken dy't dat wurde wolle.
Wolkom yn de kroech fan de Fryske Wikipedia
Hjir kin men mei elkoar prate oer alles oangeande de Wikipedia, mar ek gewoan babbelje oer oare dingen. Foar ferhite diskusjes kin men it bêste in privee-oerlis sykje fia IRC, privee-email of messengerservices.

Betink foaral rêstich te bliuwen wannear't it der hyt oan ta giet en kom persoanlike oanfallen te foaren; besjoch ek de Wikiketteside. As jo yn in ferhyt debat binne mei ien en jo komme der net út, nim dan kontakt op mei in pear neutrale Wikipedianen om te middeljen.

Welcome, willkommen, bienvenue, etc.
This is the dicussion page (tavern or village pump to some) of the Frisian Wikipedia. Feel free to ask any questions you would like to ask. Please do not use bad language here, if you are in a heated debate with someone please go to IRC, use private mail, or resort to chat.
De Fryske Wikipedy hat op it stuit
53.446 siden 1.150.333 bewurkings 49.297 registrearre brûkers 83 warbere meidoggers 8 behearders


25.000

Middei folk! De Fryske Wikipedy komt heultyd tichterby de 25.000e side. En soks moat grut fierd wurde fansels. Ik bin al in skoftke net al te warber op ús Wikipedy en ha der spitigernôch net al te folle tiid foar. Dochs hie ik wat ideeën foar wat de 25.000e side oanbelanget.

Is it ek wat om kontakt mei (bygelyks) de Ljouwerter Krante te sykjen om te sjen of't sy ek wat omtinken jaan kin in de wiken nei de 25.000e side ta. It soe fansels moai wêze as der dan al wat omtinken foar de Wikipedy is. Misskien dat hja wat artikels pleatse kinne, of deistich ôftelle nei de 25.000e side (in tellerke yn de kranten of de hiemsiden fan de Ljouwerter Krante, Frysk Deibêd of de Omrop dy't byhâld hoefolle siden wy hawwe). Misskien in fraachpetear mei in meidogger hjir soe ek machtich wêze.

Dêrnjonken hawwe wy by de 10.000e side in Frysk parseberjocht opsteld. Misskien moat der oer neitocht wurde om dizze kear ek yn it Hollânsk in parseberjocht út te stjoeren. 25.000 siden fertsjinnet wol wat omtinken fyn ik.

Ta beslút, it logo. Dêr moat fansels ek wat oan dien wurde.

Ik sil my der net al tefolle mei dwaande hâlde kinne, mar foar de aktive meidoggers is it misskien wat om alfêst nei te tinken oer wat der dien wurde kin. Freonlike groetnis, J'88 22 feb 2012, 13.58 (CET)[beäntwurdzje]

De media sil grif omtinken jaan oan de 25.000 siden. In parseberjocht moat der fansels al komme. Dêrneist hawwe wy tiid om in 25.000e side te betinken. Ik siet oan in side oer 'Apollo 11' te tinken. It moat in mânsk artikel wurde dy't leafst noch grutter is as alle oarstalige siden oer Apollo 11 (ynklusyf de Ingelske en de Dútske). Mei dy side wol ik de kwaliteit fan it Fryske wikyprojekt oan de wrâld sjen litte. No, wat sizze jim? Groetnis --Kening Aldgilles 22 feb 2012, 18.26 (CET)[beäntwurdzje]
Hjir haw ik alfêst in wurkplak makke dêr't de side oer Apollo 11 makke wurde kin. It soe moai wêze as elkenien dêr oan meiwurkje wol. Oare ideeën binne likegoed wolkom. Groetnis --Kening Aldgilles 22 feb 2012, 18.37 (CET)[beäntwurdzje]
Ik kin neat tasizze, mar sil sjen of ik sa no en dan der wat by skriuwe kin. It is in fantastysk stribben yn elts gefal! Groetnis, J'88 24 feb 2012, 18.37 (CET)[beäntwurdzje]

De kwaliteit fan it Fryske wikyprojekt oan de wrâld sjen litte wolle. (No, wat sizze jim?) Los!!!! Drewes 24 feb 2012, 19.37 (CET)[beäntwurdzje]

Ingelske ynslûpsels

It foel my hjoed op dat in tal bewurkings op de Wikipedy ynienen yn it Ingelsk binne. Foarbylden:

  • nei omneamen: bg. moved page De Haspel to De Hispel ‎(Frysk)
  • talk ynstee fan Oerlis yn : Swarte Kees (talk) 2 mrt 2012, 17.39 (CET)

by Aliter soe grif de grize oer de grauwe gean. Wy moatte wol baas op eigen hiem bliuwe en hoege ús dan net te ferbrekken mei Ingelsk: Hoe soe dit komme en soe hjir net wat oan dien wurde moatte? Wa soe ús dan helpe kinne: Aliter of Wutsje of ...? --Swarte Kees (talk) 2 mrt 2012, 18.51 (CET)[beäntwurdzje]

Dat is yndied sa Kees, hiel nuver. Wa wit kin Aliter dêr wat oan dwaan, mar dy hat him al in skoftsje net sjen litten. --Geoffrey (talk) 8 mrt 2012, 22.49 (CET)[beäntwurdzje]
Ik ha dy kontakten net. Aliter ha ik ek al in skoftsje net sjoen, miskien dat Wutsje it dwaan kin? Of wa wit binne der noch mear dy't hjir wurk fan meitsje wolle? Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 9 mrt 2012, 00.52 (CET)[beäntwurdzje]
Dit moat wat te krijen hawwe mei de resinte oergong nei MediaWiki 1.19 (sjoch bg. hjir). By myn witten wurde berjochten as dizze normaal sprutsen helle út Wiki:Alle wikiberjochten. Ik kin net sjen of dêr wat feroare is, mar faaks moat dêr noch it ien en oar yn it Frysk oersetten wurde. Wutsje 12 mrt 2012, 14.27 (CET)[beäntwurdzje]

Ienriedich uterlik

Bêste minsken,

Ik haw efkes oan it himmeljen west en ús Wikipedy in bytsje standardisearre. It giet om fjouwer siden:

Sa't jim sjen kinne is der in nije side by kommen. De siden wêrfan ik no in 'nijsgjirrige side' makke haw binne yn it ferline allegear al ris Side fan de wike west. Faaks soenen wy by nije nijsgjirrige siden dochs in bytsje kritysk sjen kinne nei de ynhâld fan dy siden. Hawar, ideeën en kritiken binne wolkom. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 23 apr 2012, 20.39 (CEST)[beäntwurdzje]

Moai wurk --Geoffrey (talk) 23 apr 2012, 21.21 (CEST)[beäntwurdzje]

Bot Request

Hi. where is page of bot request? i cant find it. Thanks درفش کاویانی (talk) 30 apr 2012, 21.35 (CEST)[beäntwurdzje]

Bot flag request for RedBot

Hi, I'm requesting bot-flag for RedBot:

Let op:

Op meta is ne discussie te makke in stop an local uploads fan ofbylde op lytse wikipedies en to delete de lokal uploads. Is dat ek belangryk foar de Fryske Wikipedy?--Bernd (talk) 21 maaie 2012, 12.19 (CEST)