Finzenis: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JackieBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: sco:Preeson
L r2.7.1) (Bot - derby: bn:কারাগার
Rigel 37: Rigel 37:
[[be-x-old:Турма]]
[[be-x-old:Турма]]
[[bg:Затвор]]
[[bg:Затвор]]
[[bn:কারাগার]]
[[br:Toull-bac'h]]
[[br:Toull-bac'h]]
[[bs:Zatvor]]
[[bs:Zatvor]]

De ferzje fan 20 mai 2012 om 19.26

In finzenis, of penitinsjêre ynrjochting is in gebou om finzenen yn op te sluten, yn bewarring te stellen of 'yn hechtens' te nimmen. Yn de folksmûle hat de finzenis in protte bynammen, û.o.: bajes, nor, lik, bak, kasjot. Yn bewarring stelle hiet faak sitte of bromme.

Eilânfinzenis Alcatraz

Doel

It wichtichste doel fan finzenissen is it befeiligjen fan de maatskippij tsjin gefaarlike yndividuen. As twadde doel wurdt yn finzenissen besocht it weromkearen fan finzenen yn de maatskippij te fergrutsjen troch ûnderrjocht, wurkûnderfining of terapy. Libbenslang straften binne fansels hjir foar útsluten. By harren leit it aksint op de kwaliteit fan libben binnen stelde beheiningen. Finzenissen drage ek by ta it gefoel fan rjocht en foldwaning yn de maatskippij.

Befeiliging

Finzenissen binne goed befeilige om ûntsnappingen foar te kommen. Dêrfoar wurde ferskate maatregels nommen, inkelde dêrfan binne:

  • Stekken of muorren om it gebou;
  • Grêften om it gebou;
  • Kameratafersjoch;
  • Traljes of ekstra tsjok glês mei elektroanyske befeiliging foar de ruten;
  • de doarren fan de sellen op 't slot;
  • Bewarders dy't op en ôf rinne by de sellen lâns;
  • Mooglik goede nachtferljochting.

Fryslân

Fryslân hat trije finzenissen hân, yn Ljouwert, It Hearrenfean en Snits. Dy fan Ljouwert, it tuchthûs (1755-1756) stie doe oant bûten de lânsgrinzen as tige modern bekend, wie yn de Frânske tiid ien fan de grutste sintrale finzenissen yn Nederlân. Nei de earste nasjonale organisaasje fan it finzeniswêzen yn 1821 waarden Ljouwert en Den Bosch sintrale finzenissen foar feroardiele detinearden yn Noard-Nederlân. Dizze finzenis is meardere kearen útwreide en ferbettere en waard yn de fyftiger jierren Bysûndere Straf-Finzenis neamd. It Hûs fan Bewar, fan 1823-1889 yn de Kânselarij kaam dêrnei op it terrein fan Finzenis (Mei in brêge oer de Keizersgrêft by de Easterkaai). De Finzenis (Hûs fan Arrest) yn Snits hat fan 1842 - 1922 bestien, dy yn Crackstate fan It Hearrenfean tusken 1833 - 1923.

Finzenisstraf

Finzenisstraf waard yn Fryslân foar it earst oplein yn de 17e ieu en dan noch sporadysk. It steedlike wurkhûs yn Ljouwert (1598) wie dan ek mear ûnderkommen foar bidlers en omrinners as straffinzenis. Ek neidat de provinsje yn 1608 dizze finzenis oernomd hie bleau it oplizzen fan finzenisstraf oant nei 1700 útsûndering. Finzenisstraf is no nei boete de meast opleine straf.

Sjoch ek