Tim Berners-Lee: ferskil tusken ferzjes
L r2.7.2) (Bot - derby: als:Tim Berners-Lee |
Luckas-bot (oerlis | bydragen) L r2.7.1) (Bot - derby: uz:Tim Berners-Lee |
||
Rigel 112: | Rigel 112: | ||
[[tr:Tim Berners-Lee]] |
[[tr:Tim Berners-Lee]] |
||
[[uk:Тім Бернерс-Лі]] |
[[uk:Тім Бернерс-Лі]] |
||
[[uz:Tim Berners-Lee]] |
|||
[[vec:Tim Berners-Lee]] |
[[vec:Tim Berners-Lee]] |
||
[[vi:Tim Berners-Lee]] |
[[vi:Tim Berners-Lee]] |
De ferzje fan 20 mai 2012 om 13.25
Sir Tim Berners-Lee (Londen, 8 juny 1955) is de betinker en grûnlizzer fan it World Wide Web (WWW), tegarre mei syn destiidsk manager, de Belch Robert Cailliau. Dit barde yn syn tiid as consultant software engineer by CERN yn Switserlân yn de perioade fan juny oant en mei desimber 1980. As direkteur fan it World Wide Web Consortium hâldt hy ttafersjoch op de ûntwikkeling fan webtalen en -protokollen as HTML, XML, CSS en HTTP. Berners-Lee skreau de earste webbrowser en de earste webserver.
Yn 1999 publisearre hy Weaving the Web[1], in boek oer it ûntstean fan it web. It waard yn it Nederlânsk oersetten as De wereld van het World Wide Web[2][3][4].
Berners-Lee stribbet nei it semantysk web, dat wol sizze, in World Wide Web dêr't ynformaasje ynhâldlik beneamd en yndield is op in foar kompjûters ferwurkbere wize. Hoewol't der yn de akademysske wrâld in soad omtinken foar is, is it noch ûndúdlik of it semantysk web inselde súkses wurde sil as it WWW.
Berners-Lee hat foar syn wurk ferskate prizen wûn foar syn wurk:
- de Japanpriis 2002
- de Millennium Technology Prize 2004
- in keninklike ûnderskieding: op 16 july 2004 is hy ta ridder slein troch Keninginne Elizabeth II. Hy krige dêrby de titel fan Knight Commander, de op ien nei heechste rang yn de Oarder fan it Britse Ryk.
- Op 20 oktober 2009 is him in earedoktoraat takend troch de Frije Universiteit Amsterdam, foar syn "essinsjele bydrage oan de ûntwikkeling, yntroduksje en groei fan it worldwide web, dat djipgeande ynfloed hat op it sosjale, ekonomyske, kulturele en publike libbven".
- Itselde jier waard hy earedoktor fan de Universiteit fan Luik, tegearre mei Robert Cailliau.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|