Grigori Raspûtin: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Vagobot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: is:Raspútín
L r2.7.1) (Bot - derby: lv:Grigorijs Rasputins
Rigel 50: Rigel 50:
[[la:Gregorius Rasputin]]
[[la:Gregorius Rasputin]]
[[lt:Grigorijus Rasputinas]]
[[lt:Grigorijus Rasputinas]]
[[lv:Grigorijs Rasputins]]
[[mk:Григориј Распутин]]
[[mk:Григориј Распутин]]
[[mr:रासपुतीन]]
[[mr:रासपुतीन]]

De ferzje fan 20 mai 2012 om 13.20

Grigori Raspoetin

Grigori Jefimovitsj Raspoetin (Pokrovskoje, 10 jannewaris 1869 - Petrograd, 29 desimber 1916) wie in Russyske muonts en yntrigant. Hy kaam oarspronklik út in boerefamylje yn it distrikt Tjoemen yn Sibearje.

Hy wurdt betiden de 'gekke muonts' neamd, mar it wie gjin geheim dat er troud wie en oaren neamden him in religieuze pilgrim en gebedsgenezer. Hy spile in wichtige rol oan it hof fan de lêste Russyske tsaar Nicolaas II en hie dêrtroch direkt of yndirekt mei ynfloed op de fal fan it tsarisme en de opkomst fan it bolsjewisme.

Oer him giet it ferhaal dat er troch de himmelse mem oanrekke wêze soe en frege wie om njonken it bêd te ferskinen fan de jonge tsarevitsj Aleksej om syn blieden te stopjen. Dat blieden waard feroarsake troch de stollingssykte hemofily dêr't bliedingen yn it yngewant by ûntstean kinne dy't net op tiid stoppe wurde kin. By sa'n blieding litte de tsarevitsj earnstige pine en ôfhinklik fan wêr't de blieding wie, koe de jonge him net goed bewege. Dat wie ek de reden dat er faak in skoft net rinne koe. De prins hie dizze (erflike) sykte krigen troch syn mem, de beppesizzer fan keningin Victoria, dy't draachster fan de sykte wie. As draachster hie sy de sykte sels net, mar koe him wol fia har genen trochjaan oan har bern.

Doe't Raspoetin yn 1905 yn Sint-Petersburch arrivearre, kaam hy net fuortendaliks by de tsjarenfamylje terjocht; hy krige pas yn 1907 foar it earst kontakt mei de tsarina doe't er by har roppe waard. Syn oanwêzigens hie effekt op de jonge, want alle kearen as er ferskine fielde dy him fuort dêrnei in stik better. Raspoetin krige op dizze wize in grutte ynfloed op it hof en beskikte oer in grutte kloft bewûnderers.

Omdat er in soad ynfloed hie oan it hof en op de Russyske polityk en hjirtroch oer in protte macht beskikte en fral fanwege it feit dat er yn de Earste Wrâldkriich troch guons as in Dútsk spion sjoen waard, waard hy troch de Russyske adel as in gefaar beskôge. Neffens guons byleauwige Russen soe hy sels oer in duvelske macht beskikke.

Raspoetin waard yn de nacht fan 28 op 29 desimber 1916 troch de Russyske prins Felix Joesoepov yn syn paleis te Petrograd om hals brocht.