Ruilferkaveling: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
Bernd (oerlis | bydragen)
yw.
Rigel 22: Rigel 22:
[[Kategory:Romtlike oardering]]
[[Kategory:Romtlike oardering]]


[[bs:Komasacija]]
[[bs:Komasacija]
[[de:Flurbereinigung]]
[[el:Αναδασμός]]
[[el:Αναδασμός]]
[[en:Land consolidation]]
[[en:Land consolidation]]

De ferzje fan 16 mai 2012 om 17.39

Loftfoto fan in ferkavele gebiet

Ruilferkaveling is in proses, wêrby't eigeners fan in stik lân, de saneamde grûnbrûker, kavels mei elkoar ruilje. It doel is dan dat alle grûnbrûkers der op foarút gean.

Meastentiids wurdt der earst in ruilferkavelingsplan opsteld, bygelyks troch de Provinsjale Steaten of de gemeente. De grûnbrûkers kinne dan nei oanlieding fan dit plan kavels úttruilje. Ien fan de redenen om ruilferkaveling te starten, is faak om fersnippering fan de kavels te foarkommen, sadat der minder lânbouferkear yn de regio komt en dat de grûneigener safolle mooglik agraryske grûn ticht by de pleats krijt.

Troch de ruilferkaveling feroaret de yndieling fan it lân. Der kinne bygelyks gruttere kavels ûntstean. Dit hat ek effekt op de yndieling fan it lânskip. Sa wurde sleatten enoare ôfskiedings tusken kavels ferlein.

It komt foar, dat agraryske gebouwen troch de ruilferkaveling ferpleatst of werboud wurde moatte, benammen as eardere lânbougrûn nei de ferkaveling bygelyks natoergebiet wurdt.

By de ruilferkaveling waarden soms kompleet nije diken oanlein, ruilverkavelingsdiken. Ek waarden wol nije stikken natoer oanlein as kompensaasje fan ferdwûne natoer, yn de foarm fan ruilferkavelingsboskjes. Dizzen binne no faak yn besit fan natoeroarganisaasjes as It Fryske Gea en Steatsboskbehear.


De ruilferkavelingswet fan 1924 makke it mooglik dielen fan it plattelân op 'en nij yn te rjochtsen om in bettere en effisjintere lânbou mooglik te meitsen. Yn 1938 kaam de oanpasse ruilferkafelingswet dy rjochte wie op de belangen fan de lânbou. Yn 1954 kaam de nije wet dy neist de belangen fan de lânbou ek de belangen fan natuer en lânskip yn it vizier hie.

De nije lânynrjochtingswet fan 1985 beklamme bestimme, ynrochtsje en behear. Foar it lanlik gebiet sprekt men fan lânskipwearde, beskaat kultuerhistoarysk wearde en lânskip ophelje, natuer behâld en nije natuer.

By ruiferkaveling beslute de eigeners, by lânynrochting de Provinsjale Steaten.

Yn 2007 kaam dêr de Wet Ynrochting Lânlik Gebiet wêrmei de Provinsje de mooglikheid hat, as it Ryk en de Provinsje net frijwillich de doelen berieke kinne, dat men dan mei in oerheidbeslút de wurken kin úfiere.

[[bs:Komasacija]