Evangeelje fan Markus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
Vagobot (oerlis | bydragen)
Rigel 32: Rigel 32:
[[arc:ܟܪܘܙܘܬܐ ܕܡܪܩܘܣ]]
[[arc:ܟܪܘܙܘܬܐ ܕܡܪܩܘܣ]]
[[bar:Evangelium noch Markus]]
[[bar:Evangelium noch Markus]]
[[be:Евангелле паводле Марка]]
[[bg:Евангелие от Марко]]
[[bg:Евангелие от Марко]]
[[bo:༄༅།། མར་ཀུས་བྲིས་པའི་འཕྲིན་བཟང་བཞུགས་སོ།།]]
[[bo:༄༅།། མར་ཀུས་བྲིས་པའི་འཕྲིན་བཟང་བཞུགས་སོ།།]]
Rigel 103: Rigel 104:
[[ug:Markus bayan qilghan xush xewer]]
[[ug:Markus bayan qilghan xush xewer]]
[[uk:Євангеліє від Марка]]
[[uk:Євангеліє від Марка]]
[[vep:Evangelii Markan mödhe]]
[[vi:Phúc âm Mark]]
[[vi:Phúc âm Mark]]
[[zh:馬可福音]]
[[zh:馬可福音]]
[[vep:Evangelii Markan mödhe]]

De ferzje fan 14 mai 2012 om 09.10

It Evangeelje fan Markus is it twadde evangeelje út it Nije Testamint. It is ien fan de trije synoptyske evangeeljes en fan harren it koartst. It is ek it âldste evangeelje.

Skriuwer

Yn de tekst fan it evangeelje sels wurdt neat sein oer de skriuwer. Neffens de tradysje is it boek skreaun troch Jehannes Markus dy't yn de Hannelingen fan 'e Apostelen en yn de brieven fan Paulus oan Filemon en oan de Kolossenzen en de earste Petrusbrief fermelde wurdt. Hy soe in maat fan Paulus west hawwe en letter fan Petrus. Tsjintwurdich wurdt der fanút gien (R. Pesch, J. Gnilka e.a.) dat de skriuwer in anonime kristen wie. Yn alle gefallen wie de skriuwer sels gjin eachtsjûge, mar hat er him by it skriuwen basearre op de oerlevering. De kapstok fan it evangeelje foarme de tradysje (of in earder skreaune boarne?) oer de pasje fan Jezus, dêr't Markus oare gegevens út de Jezustradysje oan tafoege. Oan dat geheel joech hy in sterke literêr-teologysje struktuer mei.

Sûnt de tiid fan Klemens fan Aleksandrje hawwe teologen oannomd dat it yn Rome skreaun is, alhoewol't ek Antiochje as mooglik plak neamd wurdt.

Doelgroep

Der wurdt fan útgien dat dit evangeelje ynearsten foaral brûkt waard troch net Joadske kristenen, omdat Joadske nammen en Arameeske útdrukkingen ("Boanerges" (3:17); "Talitha Koem" (5:41); "Korban" (7:11); "Bartimeus" (10:46); "Abba" (14:36); "Eloi," ensf. (15:34)) yn dit evangeelje altyd hiel krekt ferkleare wurdt. Ek komme der relatyf sjoen net folle ferwizings nei en sitaten út it Alde Testamint.

Datearing

It Markusevangeelje wurdt troch moderne bibelwittenskippers en histoarisy datearre tusken 66 en 73 omdat it frij seker is dat Markus op de hichte wie fan de grutte Joadske Oarloch.

Relaasje mei oare synoptyske evangeeljes

Fan de 662 fersen yn it evangeelje hat Markus 406 mien mei sawol it evangeelje nei Matteus as it evangeelje nei Lukas, 145 mei Matteus, 60 mei Lucas, wylst der mar 51 allinnich yn Markus stien. De relaasje tusken de synoptyske evangeeljes wurdt it synoptysk fraachstuk neamd. It meastepart fan de teologen gean der fanút dat it Markus-evangeelje it âldste fan de trije is.

Skaaimerken fan it evangeelje

  1. In geslachtsregister fan Jezus krekt as by Matteus en Lukas ûntbrekt.
  2. De skriuwer stelt him Jezus foar as beklaaid mei macht, de liuw út de stam Juda.
  3. Markus tekent hiel presys de wurden (3:17; 5:41; 7:11, 34; 14:36), plak (9:35) en meneuvelje (3:5, 34; 5:32; 9:36; 10:16) fan Kristus op.
  4. Hy noteart ek hiel presys alle details fan persoanen (1:29, 36; 3:6, 22, ensf.), oantallen (5:13; 6:7, ensf.), plakken (2:13; 4:1; 7:31, ensf.), en tiden (1:35; 2:1; 4:35, ensf.) dat yn de oare evangeeljes faak weilitten wurdt.
  5. Dit evangeelje jout Jezus wer, útsein dat er de Kristus is, op in tige bysûnder minsklike wize. Hy wurdt lulk en fertrietich (3:5), hat honger (11:12), sliept as er wurch is (4:38), en hâldt fan bern (10:16).
  6. De berte fan Jezus en syn bernsjierren ûntbrekt yn dit evangeelje. It giet oer syn libben as folwoeksene, en jout bysûndere oandacht oan Jezus syn ûnskuldige dea oan it krús.

Ein

Opfallend yn Markus is de ein dat hiel oars as yn de oare evangeeljes ynienen einiget. By Markus geane trije froulju nei de sabbat nei Jezus syn grêf ta. It grêf blykt leech te wêzen, en in jongfeint fertelt harren dat Jezus opstien is dat de desipelen him yn Galilea wer moetsje sille. Der wurdt fierders neat skreaun oer dizze moeting mei de opstiene Messias. Letter ha se besocht om dit hiaat op te foljen, lykwols is alles wat nei Markus 16:8 stiet in lettere tafoeging.