Romulus Augustulus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: jv:Romulus Augustus
Vagobot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: als:Romulus Augustulus
Rigel 12: Rigel 12:
[[Kategory:Romeinsk keizer]]
[[Kategory:Romeinsk keizer]]


[[als:Romulus Augustulus]]
[[an:Romulo Augustulo]]
[[an:Romulo Augustulo]]
[[bg:Ромул Августул]]
[[bg:Ромул Августул]]

De ferzje fan 14 mai 2012 om 06.23

Romulus Augustulus.

Romulus Augustulus, ek wol Romulus Augustus of Flavius Romulus (om-ende-by 465 - nei 507?), wurdt beskôge as de lêste keizer fan it West-Romeinske Ryk. De namme Augustulus, eins in bynamme, is it ferlytsingswurd fan Augustus, en betsjut sokssawat as keizerke.

Skiednis

Romulus wie noch mar in bern fan tsien jier âld, doe't er op 30 oktober 475 troch syn heit Orestes op de keizerlike troan fan it West-Romeinske Ryk setten waard. Syn heit wie legerlieder en makke diel út fan de senaat yn Rome, en hie feitlike de macht yn hannen.

De foargonger fan Romulus, keizer Julius Nepos wie troch Orester fuortjeie nei Dalmaasje. Fan syn ferballingsoarde út wie dizze keizer altiten noch in macht fan betsjutting omdat Romulus troch Zeno, de keizer fan it easten, net erkend waard as keizer fan it westen. Sûnder stipe út it easten line Orester foaral op syn Germaanske hierlingenleger. De sterke machtsposysje dy't de Germanen hjirtroch hienen soe der ta liede dat harren lieder Odoaker tsjin Orestes yn opstân kaam. Op 23 augustus 476 waard Orester fermoarde en Romulus Augustulus troch Odoaker ôfsetten. Romulus Augustulus waard út Rome ferballe en finzen hâlden op in eilân foar de kust fan Itaalje. Oer syn fierdere libben is net in protte ynformaasje beskikber, mar nei alle gedachten libbe er noch yn 508 of 510.

Keppeling om utens