Gieltsje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: als:Zitronenfalter
L r2.7.1) (Bot - derby: fa:پروانه خال نارنجی
Rigel 43: Rigel 43:
[[eo:Citrono-papilio]]
[[eo:Citrono-papilio]]
[[et:Lapsuliblikas]]
[[et:Lapsuliblikas]]
[[fa:پروانه خال نارنجی]]
[[fi:Sitruunaperhonen]]
[[fi:Sitruunaperhonen]]
[[fr:Citron (papillon)]]
[[fr:Citron (papillon)]]

De ferzje fan 10 mai 2012 om 13.38

Berjocht:Soarte It Gieltsje (Gonepteryx rhamni) is in soarte yn it skaai fan de Gieltsjes (Gonepteryx).

Foarkommen

It Gieltsje is in algemiene stânflinter. Hy libbet op ferskate plakken dêr't de planten Stikelhout en Sprakelhout groeie. It Gieltsje wurdt krekt as eartiids ferspraat oer Nederlân waarnommen, allinnich yn sommige seeklaaigebieten, it rivieregebiet en de Flevopolders is hy wat seldsumer. It Gieltsje is de lêste tsien jier sterk efterútgongen. Oft dat no ûnderdiel is fan natuerlike ferskillen of dat it gewoan in efterútgong is, is net dúdlik.

Op de reade list stiet de flinter as: net bedrige.

Flinter

De wjuklingte is 27 oant 30 mm. It Gieltsje is dúdlik wer te kennen. It mantsje is gielich, mar it wyfke is ynwyt, folle witer as it mantsje. De flinter oerwinteret yn beamkeguod en tichte gerssoarten.

Fleantiid

It Gieltsje fleant fan begjin july oant de winter. It fleant altyd yn ien generaasje.

Rûp

De rûp kin oant 35 mm groeie. It liif is grien mei fine swarte stipkes. De kop is grien en is ek bedutsen mei swarte stipkes. De groeitiid fan de rûp is fan de maitiid oant de simmer.

De rûp fret fan Sprakelhout en Stikelhout.

Taksonomy

It Gieltsje waard troch Carolus Linnaeus beskreaun as Papilio rhamni yn 1758, yn de tsiende útjefte fan syn Systema Naturae. De namme Gonepteryx rhamni wurdt taskreaun oan William Leach (1815).

Sjoch ek

Keppeling om utens

  • Wikisoarten-side - Gieltsje (Gonepteryx rhamni).