Minimumlean: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: et:Alampalk
L r2.7.1) (Bot - derby: hu:Minimálbér
Rigel 35: Rigel 35:
[[fr:Salaire minimum]]
[[fr:Salaire minimum]]
[[he:שכר מינימום]]
[[he:שכר מינימום]]
[[hu:Minimálbér]]
[[it:Salario minimo]]
[[it:Salario minimo]]
[[ja:最低賃金]]
[[ja:最低賃金]]

De ferzje fan 3 mai 2012 om 15.38

It minimumlean is it leechste bedrach dat in wurkjouwer wetlik ferplichte is oan in wurknimmer as lean te beteljen. In minimumlean kin útdrukt wêze as oerelean, of lean per moanne of per wike. It minimumlean is altyd útdrukt as brutolean, sûnder ynhâlding fan belestingen en sosjale sekerheidsbydragen. Binnen de Europeeske Uny, wêrûnder Nederlân en Belgje, hawwe 20 fan de 27 lidsteaten in minimumlean. Oare lannen wêrûnder Noarwegen, Dútslân, Eastenryk, Denemark, Switserlân, Finlân, Sweden, Itaalje en Syprus, hawwe gjin wetlik minimumlean, mar litte dit oer oan ûnderhandelingen tusken werkjouwers- en wurknimmersorganisaasjes.

Oer de ekonomyske effekten fan it minimumlean bestiet gjin konsensus ûnder ekonomen.

Nederlân

De Nederlânske wet bepaalt hoe heech dit minimumlean is, en fan 15 - 23 jier is dit mei ôfhinklik fan de leeftyd fan de wurknimmer en it oantal oeren dat in folsleine wurkwike bedraacht konform de CAO. Under de 15 jier jildt gjin wetlik minimumlean.

It minimumlean is yn Nederlân ynfierd op 27 novimber 1968. It waard doe fêststeld op 100 gûne yn de wike. [1]

It minimumlean wurdt twa kear jiers (yn jannewaris en july) oanpast oan de gemiddelde ûntwikkeling fan de CAO-leanen. It bedraacht per 1 jannewaris 2010 € 1.407,60 euro bruto de moanne foar in wurknimmer fan 23 jaar of âlder by in folsleine wurkwike.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Informatie over minimumloon in Nederland:


  1. Publikaasje fan de SER oangeande it minimumlean foar 25 jierrigen.