Evolúsjeteory: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
JAnDbot (oerlis | bydragen)
Rigel 29: Rigel 29:
[[oc:Teorias de l'evolucion]]
[[oc:Teorias de l'evolucion]]
[[pt:Introdução à evolução]]
[[pt:Introdução à evolução]]
[[sk:Teória evolúcie (biológia)]]
[[ru:Эволюционная биология]]
[[uk:Еволюційна теорія]]
[[uk:Еволюційна теорія]]
[[vls:Evolutietheorie]]
[[vls:Evolutietheorie]]

De ferzje fan 3 mai 2012 om 08.21

Charles Darwin, de heit fan de evolúsjeteory

De evolúsjeteory is de wittenskiplike teory oer it ûnstean en de ûntwikkeling fan de ferskillende libbensfoarmen op ierde. Dy teory kombinearret de fariaasje fan de soarten fan Alfred Russel Wallace, it meganisme fan natuerlike seleksje fan de evolúsjeteory fan Charles Darwin en de erflikheidslear fan Mendel en de dêrút folgjende populaasjegenetika.

Alfred Russel Wallace wie de earste dy't seach hoe't bistesoarten ferskilden nei it plak dêr't se libben. Dêrfanút ûntwikkele er de teory dat soarten harren altyd fierder fariearje.

Charles Darwin op it selde stuit wie mear dwaande mei de natuerlike seleksje, dêr't er de ferklearring yn seach fan it evolúsjeproses. Darwin wie lykwols noch net op de hichte fan de erfliksheidswetten en sloech de planke hjir en dêr dan ek folslein mis. It wie him wol dúdlik dat der in meganisme wêze moast wêrtroch âlders eigenskippen trochjouwe oan neikommelingen en dat dêryn fariaasjes plakfine kinne, mar oer it hoe-en-wat hie hy gjin kennis.

Op 1 july 1858 waarden de stúdzjes fan de twa malju lêzen foar de Linnean Society of London. Yn dy jierren, 1856 oant 1863, wie harren tiidgenoat Gregor Mendel dwaande mei proeven dêr't er de erflikheidswetten mei ûntduts. Dy soenen letter bekend wurde as de Wetten fan Mendel, mar earst soenen se noch oant 1900 yn in suterich bledsje yn in argyf lizzen bliuwe, eart se opnij ûntdutsen waarden.

Doe't letter de gromosomen as dragers fan de genen ûntdekt waarden en ek de struktuer fan it DNA dat de gromosomen foarmje opheldere wie (James D. Watson & Francis Crick, 1953) blykte alles krekt yn de al besteande evolúsjeteory te passen en dy sels te fersterkjen.