Raard: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
'De sa'n 240 Raarders fan hjoed de dei binne dus de opfolgers fan in rige slachten foar harren'., gjin Raardspesifike ynfo mei wearde
update, sees mar
Rigel 24: Rigel 24:
It soe ek noch kinne dat de namme ôflaat is fan it wurd 'rad' dat folksgearkomste betsjut. Dit soe der op wize kinne dat der in âlde tiden rjocht sprutsen is yn Raard.
It soe ek noch kinne dat de namme ôflaat is fan it wurd 'rad' dat folksgearkomste betsjut. Dit soe der op wize kinne dat der in âlde tiden rjocht sprutsen is yn Raard.


== De tsjerke ==
== Tsjerken ==
===Herfoarme tsjerke===
De tsjerke wie tawijd oan [[Jehannes de Doper]]. De toer is yn [[1807]] boud. De tsjerke sels is romaansk en moat yn de 13e ieu boud wêze. It koar is it âldste part. Yn'e tsjerke lizze grêfsarken en op it tsjerkhôf is in sark út [[1662]] fan Eelco Clasen toe Spryens.
De tsjerke wie tawijd oan [[Jehannes de Doper]]. De toer is yn [[1807]] boud. De tsjerke sels is romaansk en moat yn de 13e ieu boud wêze. It koar is it âldste part. Yn'e tsjerke lizze grêfsarken en op it tsjerkhôf is in sark út [[1662]] fan Eelco Clasen toe Spryens.
De tsjerke is ek yn Raard oerdroegen oan de [[Stifting Alde Fryske Tsjerken]]. It is no it [[OerKa Museum]] wurden. De keunstneresse [[Irene Verbeek]] brûkt it foar it eksposearjen fan har wurk.
De tsjerke is ek yn Raard oerdroegen oan de [[Stifting Alde Fryske Tsjerken]]. It is no it [[OerKa Museum]] wurden. De keunstneresse [[Irene Verbeek]] brûkt it foar it eksposearjen fan har wurk.

===Grifformearde tsjerke===
De Marthatsjerke fan 1916 is in ûntwerp fan [[Ane Nauta]].


== It doarpswapen en -flagge ==
== It doarpswapen en -flagge ==

De ferzje fan 30 apr 2012 om 16.55

Raard
Flagge fan Raard Wapen fan Raard
Flagge Wapen
Lokaasje fan Raard
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2004) 240
Webstee []
Raard by it lêst ljocht fan de ûndergeande sinne

Raard is in terpdoarp yn de gemeente Dongeradiel. Raard wurdt wolris betize mei Raerd yn Boarnsterhim.

Oarsprong

Raard is in âld doarp. Der wurdt tocht dat hjir al inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling minsken wenne hawwe.

De terp is ek hjir foar in part ôfgroeven. Oan de noardkant, by de sa om 1870 hinne oanleine Van Kleffenswei nei Lichtaard, is dat hiel dúdlik te sjen. Der kaam sa sels romte foar in iisbaan.

Namme

Mei de namme Raard kin je ferskate kanten út: It kin 'reade terp' betsjutte; oaren tinke oan it âlde Fryske wurd 'hrriäd' dat yn it Nijfrysk reid betsjut. We komme dan op: 'reidterp'. In mooglikheid is Runwerd. Wy moatte hjirby tinke oan 'beskutting tsjin it rinnende wetter'. It soe ek noch kinne dat de namme ôflaat is fan it wurd 'rad' dat folksgearkomste betsjut. Dit soe der op wize kinne dat der in âlde tiden rjocht sprutsen is yn Raard.

Tsjerken

Herfoarme tsjerke

De tsjerke wie tawijd oan Jehannes de Doper. De toer is yn 1807 boud. De tsjerke sels is romaansk en moat yn de 13e ieu boud wêze. It koar is it âldste part. Yn'e tsjerke lizze grêfsarken en op it tsjerkhôf is in sark út 1662 fan Eelco Clasen toe Spryens. De tsjerke is ek yn Raard oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. It is no it OerKa Museum wurden. De keunstneresse Irene Verbeek brûkt it foar it eksposearjen fan har wurk.

Grifformearde tsjerke

De Marthatsjerke fan 1916 is in ûntwerp fan Ane Nauta.

It doarpswapen en -flagge

Yn it doarpswapen komt it symboal fan de patroanhillige foar. De letter W en it klaverblêd binne oernommen út it wapen fan de famylje van Kleffens. De streek troch it wapen en de flagge tsjut oan dat Raard tsjin de grins fan de gemeente oan leit.

De famylje van Kleffens

Oan de dyk nei Lichtaard lizze twa monumintale pleatsen, de Noard en de Súd Kleffens. De Van Kleffens hawwe lang hear en master yn Raard west. Sawol yn 't doarp as de gritenij spilen se net swak by. Letter hawwe se ek in rol yn Dokkum hân. Under de Dokkumer boargemasters en wethâlders wie faak in Van Kleffens. Eelco Nicolaas van Kleffens waard minister fan Bûtenlânske Saken yn it kabinet-Gerbrandy.

Mienskip

It doarpshûs hjit de Nije Pôle, it wurdt brûkt troch de feriening foar Doarpsbelang Boarnwert/Raard. Bernewird is de basisskoalle fan Raard.

Befolking

Ferskaat

  • Oan de Dokkumer Ie stiet in Alvestêdebyld fan keunstner Evert van Hemert.
  • De predikant en dichter François Haverschmidt, better bekend ûnder syn skûlnamme Piet Paaltjens, wie yn Raard predikant yn de perioade dat hy deselde funksje ek hie yn Foudgum.

Strjitten

Bannerhûs, De Buorren, De Tange, It Fintsje, Lindeleane, Lytse Buorren, Spriens, Van Kleffenswei.

Keppeling om utens