De Lawei (teater): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
tún
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
koo
Rigel 11: Rigel 11:
*[http://www.lawei.nl/home/ Website De Lawei]
*[http://www.lawei.nl/home/ Website De Lawei]
}}
}}
{{Koördinaten|53_06_10_N_6_05_50_E_region:NL_type:building|53° 06' NB 6° 06' EL}}


{{DEFAULTSORT:Lawei, De}}
[[Kategory:Teater yn Fryslân]]
[[Kategory:Teater yn Fryslân]]
[[Kategory:Bouwurk yn Drachten]]
[[Kategory:Bouwurk yn Drachten]]

De ferzje fan 28 apr 2012 om 11.12

De Lawei is it teater, skouboarch en kultureel sintrum oan de Boargemaster Wuitewei yn Drachten.

Doe't Drachten yn de jierren fyftich begûn te groeien, mei troch de komst fan Philips,waard yn 1955 in stifting oprjochte om in kultureel sintrum op te setten. Op 20 maaie 1960 waard De Lawei feestlik iepene. In lawei of 'lavei' wie in hege peal yn feanterijgebieten of ûntginnings, dêr't boppe-oan in lange stôk sa fêstmakke sit dat hy op-en-del beweecht wurde kin. Oan de iene ein siet in koer of sek dy't sa ophelle en sakke wurde litten koe. Behindert reinen it wurk dan wurdt de lawei hoarizontaal setten. De lawei wie foar de feanarbeiders de tiidwizer en waard wol de 'klok fan it fean' neamd'. It wie dus in sein om te skoftsjen. It gebou De Lawei hie in romme foyer en boppeseal, yn 1972 kaam der in repetysjeromte, kantoaren en ekstra klaaikeamers foar de Noorder Compagnie. Fiierders is der in grutte binnentún. Ek de muzykskoalle waard útwreide en der kaam in romte foar eksposysjes by. Earste direkteur wie oant 1 juny 1962 J.W. van Zanten, dêrnei naam Roel Oostra it oer.

Yn 1984 folge in grutte útwreiding mei help fan arsjitekt Abe Bonnema. Ynearsten wienen der fjouwer beropsfoarstellings, yn seizoen 1962-1963 acht, in 1965-1966 twaalf, yn 1987-1988 130 en yn 2010 mear as 250. Der binne foarstellings foar begjinnede kabaretiers oant grutte musicals fan Joop van den Ende. De Lawei groeide fan in kultureel sintrum nei in skouboarch fan lokaal, regionaal en lanlik belang.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: