Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: is:Maximilian I (HRR)
Rigel 59: Rigel 59:
[[pl:Maksymilian I Habsburg]]
[[pl:Maksymilian I Habsburg]]
[[pt:Maximiliano I, Sacro Imperador Romano-Germânico]]
[[pt:Maximiliano I, Sacro Imperador Romano-Germânico]]
[[ro:Maximilian I, Împărat al Sfântului Imperiu Roman]]
[[ro:Maximilian I, Sfânt Împărat Roman]]
[[ru:Максимилиан I (император Священной Римской империи)]]
[[ru:Максимилиан I (император Священной Римской империи)]]
[[sk:Maximilián I. (Svätá rímska ríša)]]
[[sk:Maximilián I. (Svätá rímska ríša)]]

De ferzje fan 17 apr 2012 om 16.47

Maximiliaan I troch Albrecht Dürer

Maksimiliaan I (Wiener Neustadt, 22 maart 1459Wels, 12 jannewaris 1519) wie keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Omdat hy aartshartoch fan Eastenryk wie, waard hy ek Maksimiliaan I fan Eastenryk neamd.

Maximiliaan waard yn Wiener Neustadt as soan fan keizer Freark III berne. Yn augustus 1477 boaske hy mei Maria fan Boergonje, de dochter fan Karel de Stoute en erfgenamte fan Boergonje. It pear krige twa bern:

Troch syn houlik waard Maksimiliaan nei it iere ferstjerren fan Maria yn 1482 de feitlike machthawwer oer de Nederlannen en de Franche-Comté, as regint foar syn fjouwerjierrige soantsje Filips. Yn 1486 waard hy keazen as kening fan Rome en sân jier letter, yn 1493, as keizer fan it Hillige Roomske Ryk. De stêdelingen fan Brugge setten him yn 1488 in harren striid om autonomy finzen yn de stêd.

Yn 1494 foel it Frânske leger, ûnder befel fan kening Karel VIII, Itaalje binnen, wat late ta de Italjaanse Oarloch fan 1494 - 1498, de earste fan de Italjaanske Oarloggen. Dy koenen pas nei syn dea, yn 1525, troch de Slach by Pavia by de Italjaanse Oarloch fan 1521 - 1526 troch it ryk wûn wurde.

Maksimiliaan syn soan Filips waard yn 1494 mearderjierrich ferklearre en naam dêrnei persoanlik de leiding, wêrtroch it regintskip fan Maksimiliaan ferfoel. Nei it ferstjerren fan Filips yn 1506 gienen de Nederlannen en de Franche-Comté nei syn seisjierrige soantsje Karel. Oant 1515 stie Karel ûnder fâdij fan syn pake Maksimiliaan. Dizze hie it lykwols te drok mei syn oare regeartaken en militêre kampanjes en hy liet him, mei ynstimming fan de Steaten-Generaal fan de Nederlannen, yn de Nederlannen ferfange troch syn dochter Margareta fan Eastenryk, dy't dêrmei de earste lânfâdesse fan de Nederlannen waard. Dizze funksje soe ek ûnder Karel en syn opfolgers bestean bliuwe.

Om de tanimmende druk te ferminderjen dy't ûntstien wie troch ferdraggen ôfsluten tusken de hearskers fan Frankryk, Poalen, Hongarije, Bohemen en Ruslân, hie Maksimiliaan in july 1515 yn Wenen oerlis mei kening Wladislaus II fan Hongarije en Bohemen, en mei dy syn broer Sigismund I fan Poalen. It dêr ôfsprutsen dûbelhoulik (de Wiener Doppelhochzeit) tusken twa pakesizzers fan Maksimiliaan (Ferdinand en Maria) en de ienige bern fan Wladislaus (Anna fan Bohemen en Loadewyk II fan Hongarije) soargen derfoar dat alve jier letter ek Hongarije en Bohemen tafoelen oan it hûs Habsburch.

Ferstjerren

Maksimiliaan stoar yn 1519 yn de sted Wels yn Opper-Eastenryk. Foar syn grêfmonumint yn de Hoftsjerke yn Innsbruck hie hy opdracht jûn om 40 libbensgrutte brûnzen stânbylden jitte te litten, dêrfan binne mar 28 ea foltôge. Hy waard as keizer opfolge troch syn pakesizzer Karel V. Syn eigen soan Filips de Moaie wie ommers al ferstoarn yn 1506.

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Maximilian I, Holy Roman Emperor