Aldingelsk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: nn:Gammalengelsk
Rigel 69: Rigel 69:
[[nds:Angelsassische Sprake]]
[[nds:Angelsassische Sprake]]
[[nl:Oudengels]]
[[nl:Oudengels]]
[[nn:Gammalengelsk]]
[[no:Gammelengelsk]]
[[no:Gammelengelsk]]
[[oc:Anglosaxon]]
[[oc:Anglosaxon]]

De ferzje fan 16 apr 2012 om 21.59

Aldingelsk (ek wol bekend as Angelsaksysk) is de iere foarm fan de Ingelske taal dy't sprutsen waard yn parten fan wat tsjintwurdich Ingelân en Súd-Skotlân is, fan om-ende-by it midden fan de 5e ieu oant healwei de 12e ieu.

Germaanske taal

Aldingelsk is in West-Germaanske taal dy't nau besibbe is oan it Aldfrysk en Aldsaksysk en dat ek in soad op it Aldnoarsk liket (en op modern Yslânsk). Hiel oars as it moderne Ingelsk is Aldingelsk in taal mei in grut morfologysk ferskaat en wurdt krekt sa stavere as it útsprutsen wurdt, dat wol sizze, de ortografy wie relatyf konsekwint, alhoewol net fêstlein. Fonologysk hie it Aldingelsk in oantal fonemen dy't letter ferlern gien binne, lykas de /y:/ en de /ç/.

Untwikkeling

It Aldingelsk hie fiif nammefallen; it feit dat tsjintwurdich Ingelsk lykwols mar oer twa beskikt, wiist op in sterk morfologysk ferfal, dat in gefolch wie fan grut fermingen mei Normandysk (in Frânsk dialekt) nei de Slach by Hastings yn 1066 — foar it gemak wurdt dat jier wol sjoen as de skieding tusken Ald- en Midingelsk. Troch de Normandyske ynvaazje wie de fiergeande romanisearring fan it Ingelsk. Oant dizze tiid wie Ingelân meast oriïntearre op Noardwest-Jeropa. Nei de ynvaazje waard it hiel bot belutsen by de kontinintale Jeropeeske kultuer. As gefolch dêrfan soe it Ingelsk ûnder grutte ynfloed komme te stean fan it Frânsk. It modern Ingelsk hat in wurdskat dy't foar goed de helte út romaanske wurden bestiet. Yn it Aldingelsk wie dêrfan gjin sprake; it is in folslein Germaanske taal, mei Aldnoarske ynfloeden troch kontakt mei de Wytsingen.

Yn feite bestie it Aldingelsk út in grut tal dialekten; dy't it bêste bewarre bleaun binne yn it Nortumbrysk en it Wesseks-dialekt. Yn bygelyks it Kents is net folle bewarre.

Aldingelske Literatuer

Wichtige wurken yn it Aldingelsk binne de skriften fan kening Ælfric en in oantal heldedichten, dêr't de Beowulf it ferneamdst fan is. In oansjenlik tal manuskripten fan Angelsaksyske literatuer is bewarre bleaun yn it Ekseter Book, it Vercelli Book en it Junius-manuskript.

Sjoch ek

Keppeling om utens