Michael Jackson: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: glk:مایکل جکسون
L r2.7.1) (Bot - derby: co:Michael Jackson
Rigel 71: Rigel 71:
[[cy:Michael Jackson]]
[[cy:Michael Jackson]]
[[ckb:مایکڵ جاکسن]]
[[ckb:مایکڵ جاکسن]]
[[co:Michael Jackson]]
[[cs:Michael Jackson]]
[[cs:Michael Jackson]]
[[da:Michael Jackson]]
[[da:Michael Jackson]]

De ferzje fan 8 apr 2012 om 23.14

Michael Jackson
Michael Jackson mei syn soan Blanket yn Disneylân Parys yn 2006.

Michael Joseph Jackson (Gary (Indiana), 29 augustus 1958 - Los Angeles, 25 juny 2009) wie in Amerikaanske popsjonger. Hy wurdt ta de populêrste sjongers fan de 20e ieu rekkene. Jackson ûnderskate him mei troch syn hege werkenbere Kastraateftige sjongstim, syn dûnsen (bygelyks syn 'Moonwalk') en syn grutte muzikaal ferskaat.

Jackson hat yn syn karriêre 13 Grammy Awards wûn, en hy hie 13 nûmer-1 hits yn syn solo-karriêre. Hy hat 750 miljoen cd's oer de hiele wrâld ferkocht. Jackson stiet yn it Guinness World Records boek as "meast súksesfolle artyst ea".

Libben

Michael Jackson is hikke en tein in de stêd Gary yn de steat Indiana, it is in yndustriëel gebiet en in foarstêd fan Chicago. By him thús wienen se mei njoggen bern, dêr't Jackson de sânde fan wie. Syn mem wie by de Jehova's Tsjûgen. Syn heit hat him geastlik en lichaamlik tramtearre, hy twong syn bern om te sjongen sûnder skoft. De tramtaasjes dy't er as bern krigen hat hawwe him foar de rest fan syn libben skeind.

Jackson stie al as lytse jonge op it poadium mei syn bruorren, as The Jackson 5, mei in kontrakt by Motown. As tsiener, begûn er yn 1971 in solokarriêre. De tachtiger jierren wiene syn toptiid. Hy hie it measte súkses mei it album Thriller, dêr't hast 108 miljoen eksimplaren fan ferkocht binne en dat al mear as 25 jier it bêst ferkochte album ea is. Ek it album 'Bad' wie oeral op de wrâld in súkses.

Letter, doe't syn populêrens ôfnaam, waard hoe lang hoe mear omtinken jûn oan syn aparte hâlden en dragen, bygelyks mei syn kosmetyske operaasjes. It levere him de bynamme 'Wacko Jacko' (nuvere Jack) op. Fan 1993 ôf kaam Jackson hieltyd mear yn it nijs yn ferbân mei ûndersteld ûnseedlik gedrach foar lytse jonges oer. Hy is lykwols nea skuldich achte en nea feroardiele.

Sûnt 2006 wie er yn 'e slach mei in comebackalbum. Dêrfoar soe er gearwurkje mei û.o. Akon, Chris Brown en 50 Cent. Fan dat album wienen der al ferskate nûmers klear foar syn dea, mar de cd hat Jackson net mear sjoen.

Op 5 maart 2009 kundige Jackson oan dat er yn july fan dat jier yn Londen in rige konserten jaan soe mei de namme "This is It". It hiene ôfskiedskonserten wurde moatten. De konserten soene wêze yn de O2 Arena yn Londen, fan 8 july ôf.

Michael Jackson waard tongersdei 25 juny 2009 yn in sikehûs yn Los Angeles yn koma opnommen nei't er in hertstilstân hân hie yn syn wente. Twa oeren nei oankomst yn it sikehûs (Ronald Reagan UCLA Medical Centre) is de dea fêststeld. De krekte oarsaak is noch ûnwis. De begraffenisseremoanje, dy't ynternasjonaal útstjoerd waard, hie plak yn Los Angeles op 7 july 2009.

Diskografy

Jacksons stjer op de Hollywood Walk of Fame
Albums
  • Got to Be There (1972)
  • Ben (1972)
  • Music and Me (1973)
  • Forever, Michael (1975)
  • Off the Wall (1979)
  • Thriller (1982)
  • Bad (1987)
  • Dangerous (1991)
  • HIStory: Past, Present and Future, Book I (1995)
  • Invincible (2001)

Autobiografyen

  • 1988: Moonwalk
  • 1992: Dancing The Dream
  • 2004: Biography of Michael Jackson

Keppelings om utens