Mokka (Jemen): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: ca:Mokha
L r2.7.1) (Bot - derby: tr:Muha
Rigel 52: Rigel 52:
[[sv:Mocka, Jemen]]
[[sv:Mocka, Jemen]]
[[th:โมคา]]
[[th:โมคา]]
[[tr:Muha]]
[[zh:摩卡]]
[[zh:摩卡]]

De ferzje fan 1 apr 2012 om 01.02

Lizzing fan Mokka (Ingelsk: Mocha)
De Grutte Moskee fan Mokka út de 15e ieu

Mokka (Arabysk: المخا, Al-Mokha of Al-Mukha) is in havenstêd yn Jemen, oan de Reade See, ferneamd om de kofjesoarte mokka dy't nei de stêd neamd is en hjir fanâlds ferhannele waard. De stêd hie 10.355 ynwenners yn 1994. Yn 2005 waard it ynwennertal op 14.562 rûsd. Twa kilometer besuden Mokka wurdt in yndustryhaven oanlein. Der is in bytsje grinsferkear mei boaten op Dzjibûty.

Ut de skiednis

Mokka waard stifte yn de 14e ieu. Fan de 15e oant de 17e ieu wie Mokka it meast wichtige hannelsplak foar kofje yn de wrâld. Ek no noch binne mokka-kofjebeannen ferneamd om har sterke, kakao-ige smaak. De Feriene Eastynjeske Kompanjy (VOC) hie in faktorij (hannelspost) yn Mokka, lykas ek de Britten, Frânsen en Denen.

De stêd wie yn hannen fan it Ottomaanske Ryk oant it yn 1636 in ûnôfhinklike steat waard. De Ottomanen besetten de stêd wer fan 1849 oant 1918.

Mokka hie in monopoalje op de koffiehannel oant de VOC ein 17e ieu kofjeplantsjes Jemen útsmokkede en sels úteinsette mei it kweken fan kofje op Java. Mei de opkomst fan de kofjeplantaazjes yn Aazje en Súd-Amearika begûn de delgong fan de stêd. De Spaanske Jezuïtemisjonaris Pedro Páez soe yn 1595 de earste Europeaan west hawwe dy't Mokkakofje preau yn it plak sels. Yn 1839 brochten de Britten har regionale haadkertier fan Mokka nei Aden oer, oare Europeeske lannen folgen har foarbyld.

Oant yn de 19e ieu tsjinne Mokka as haven fan de Jemenityske haadstêd Sanaa. Hjoeddendei hat Mokka as haven net folle mear te betsjutten, en hat Aden de rol fan wichtiste haven fan Jemen oernaam. De pleatslike ekonomy moat it no hawwe fan fiskerij en in lyts bytsje toerisme.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Encyclopedia Britannica