Wynjammer: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
Rigel 45: Rigel 45:
[[it:Windjammer]]
[[it:Windjammer]]
[[ja:ウィンドジャマー]]
[[ja:ウィンドジャマー]]
[[ka:აფრიანი ხომალდი]]
[[nl:Windjammer]]
[[nl:Windjammer]]
[[pl:Windjammer]]
[[pl:Windjammer]]

De ferzje fan 23 feb 2012 om 11.40

Wynjammers yn de haven fan Hamburch ± 1900

Wynjammer is de oantsjutting foar in, meast dwers túchd, grut sylskip dat in de 19e ieu en it begjin fan de 20e ieu brûkt waard yn keapfardij, nei it ferdwinen fan de klippers.

De term ferwijst nei it typyske âljend lûd dat ûntstiet at de wyn troch it túch fan stieltried blaasd, in hiel oar lûd as wat it âlderwetske touwurk joech. De meast foarkommende, meast effisjinte wynjammertugaazje wie de fjouwermêst bark; it resultaat fan lange aerodynamyske stúdzje en iuewen fan ûnderfining mei de seefeart.

De wynjammer wie bedoeld foar tige lange reizen. Sy ferfierden meast bulklading, sa as hout, nôt, en gûano, op ynterkontinintale reizen. Yn it begjin koenen sy de konkurinsje mei steamskippen noch oan, omdat sy hurder woene en gjin wetter en stienkoal hoechden yn te nimmen.

De Finske reder Gustaf Erikson út Mariehamn, Ålandseilannen, wie ferneamd om syn fleat fan wynjammers dy't er noch yn it wurk hie tusken beide wrâldkrigen. Oare bekende rederijen dy't it lang mei sylskippen útholden hawwe wiene F. Laeisz fan Hamburch en A.D. Bordes út Dúntsjerk (Frankryk).

Ferskate fan dizze skippen binne der noch - as skoalleskip, museumskip of omboud ta restaurant. Ek kin dit skipstype noch sjoen wurde by eveneminten sa as SAIL Amsterdam, de Kielwike en Hanse Sail.

Ferneamde wynjammers

De meast grutte wynjammer wie France II. De grutste dy't no noch bestiet is dee fjouwermêst bark Moshulu, no in restaurantskip yn Philadelphia, PA, FSA. In oarenien dy't noch fard is it Russysk skoalleskip Sedov, ek in fjouwermêst bark. De lêste wier oarspronklike wynjammer is de Pommern, no in museumskip yn Mariehamn.

Herzogin Cecilie in fjouwermêst bark