Falklâneilannen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: an:Islas Malvinas
L r2.7.1) (Bot - oars: bat-smg:Malvėnu salas
Rigel 45: Rigel 45:
[[ast:Islles Malvines]]
[[ast:Islles Malvines]]
[[az:Folklend adaları]]
[[az:Folklend adaları]]
[[bat-smg:Falklėnda salas]]
[[bat-smg:Malvėnu salas]]
[[bcl:Islang Falkland]]
[[bcl:Islang Falkland]]
[[be:Фалклендскія астравы]]
[[be:Фалклендскія астравы]]

De ferzje fan 14 feb 2012 om 01.18

Falkland Islands
Flagge fan Falklâneilannen Wapen fan Falklâneilannen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Falklâneilannen
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Stanley
Steatsfoarm Britsk steatebûn
Gebiet
% wetter
12.173 km²
-­%
Ynwenners 3.140 (2008)
Munt Falklânske pûn (DKK)
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei 14 juny
Lânkoade FK
Ynternet .fk
Tillefoan 500

De Falklâneilannen (Ingelsk: Falkland Islands, Spaansk: Islas Malvinas) binne in eilannengroep yn de súdlike Atlantyske Oseaan, beëasten fan Argentynje. Der binne twa grutte eilannen, East- en West-Falklân. Dêrneist binne der noch hûnderten lytse eilannen.

Skiednis

Foardat der minsken út Jeropa har nei wenjen setten op de eilannen wenne der nimmen. Dat hie faaks te krijen mei it rûge klimaat. In Ingelske seeman, John Davis, ûntduts it eilân yn 1592 mar sette gjin foet oan wâl. Yn 1690 komt John Strong op it eilân, hy neamde ta oantinken oan de Britske offisier en politikus Viscount Falkland de Falklâneilannen. Yn 1764 kaam der in earste delsetting op it eilân (Port Louis) en waard in Frânske kolony. Yn 1766 waard Port Louis ferkocht oan Spanje. Yn 1770 ferklearret Spanje kriich oan Grut-Brittanje. Yn 1771 komme se ta in oerienkomst wêrby West-Falklân Spaansk wurdt en East-Falklân Britsk. Yn 1820 en 1829 komme der Argentynske delsettings op it eilân. De Britten reagje har yn 1833 fan de eilannen foar harren marine. It wie foar de Britten yn de Earste Wrâldkriich harren stipepunt foar de Slach by Falklân wêrby Dútske skepen werom foeren fan Aazje nei Jeropa.

Op 2 april 1982 besette Argentynje de Falklâneilannen. Sân wiken letter wienen de Britten te plak om de eilannen werom te feroverjen. De striid duorret oant 14 juny 1982 en de Britten krije de eilannen werom. De Britten hienen lykwols mear skea as yn it foar ferwachte wie. Meiïnoar binne der likernôch 1.000 minsken stoarn yn de Falklânkriich.

Keppeling om utens

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Falkland Islands