Wringedieren: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: sa:कशेरुकाः
L r2.7.1) (Bot - derby: af:Vertibrata
Rigel 19: Rigel 19:
[[Kategory:Biology]]
[[Kategory:Biology]]


[[af:Vertibrata]]
[[als:Wirbeltiere]]
[[als:Wirbeltiere]]
[[am:የጀርባ አጥንት ያላቸው እንስሳት]]
[[am:የጀርባ አጥንት ያላቸው እንስሳት]]

De ferzje fan 3 feb 2012 om 19.36

In wringedier is in rêchstringdier dêr't it rêchpiid fan beskerme wurdt troch wringen.

Alle soarten yn de ûnderstam fan Wringedieren hawwe in ynwindich skelet mei wringen dêr't in sintraal senuwstelsel trochhinne rint. De measte soarten hawwe in holleplasse en kaken, en hawwe twa paer lidden.

De holleplasse beskermet de harsens, en de eagen en earen, wat nei alle gedachten laat hat ta gruttere yntelliginsje. De wringen foarmje de rêchbonke, dy't it rêchpiid beskermet, mar ek de ynwindige organen ôfskermet wat mear beweging talit om't de risiko's lytser binne. It hiele skelet soarchet foar stipe en makket gruttere waakst mooglik.

Klassifikaasje

De klassike klassifikaasje fan de stam fan rêchstringdieren jout problemen. Under oaren hawwe net alle fisken wringen. Dêrom wurdt de ûnderstam fan Wringedieren brûkt dy't dat part fan de fisken net omfet, mar fierders deselde klassen hat.

Der binne al fierdere opdielings makke krekt neffens de evolusjonêre ûntwikling, mar dêr is nog gjin fêste klassifikaasje yn klassen en oarders útkaam, dat de klassike klassifikaasje wurdt hieltyd noch brûkt.