CD: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
HiW-Bot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - oars: es:CD (disco compacto)
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - oars: es:Disco compacto
Rigel 33: Rigel 33:
[[en:Compact Disc]]
[[en:Compact Disc]]
[[eo:Kompakta disko]]
[[eo:Kompakta disko]]
[[es:CD (disco compacto)]]
[[es:Disco compacto]]
[[et:CD (andmekandja)]]
[[et:CD (andmekandja)]]
[[eu:Disko konpaktu]]
[[eu:Disko konpaktu]]

De ferzje fan 1 feb 2012 om 03.04

In kompakte skiif fan it gongbere formaat

De kompaktskiif, yn it Ingelsk CD, is in optyske drager foar lûd, byld en it bewarjen fan in kompjûtergegevens.

It systeem fan de kompakte skiif waard ûntwikkele foar bylddragers, mar de earste grutte tapassing wie as lûddrager. Yn in pear jier tiid waard de grammofoanplaat foar in grut part ferkrongen troch de CD. Fierder bouwend op dat sukses kamen de Byld-CD en Kompakt(lês)skiif (CD-Rom) út. De lêste waard wer ynhelle troch ien dêr't jo op skriuwe kinne. Dy kompakt(skriuw)skiif of CD-Rewrite jout jo krekt as de lytsere skyfkes de mooglikheid in soad kompjûtertriemmen fêst te lizzen. As it no om muzyk, byld of tekst giet, der is romte foar hûnderten Megabytes al gau sa'n 5 miljard bitten.

Yn it Frysk wie ek de namme lûddrager ûntstien, om't er earst allinne foar de werjefte fan muzyk brûkt waard. Der binne dan ek party minsken dy't efkes wat 'eigen' muzyk opsette ûnder it kompjûterjen. Wolle jo de muzyktriemmen fan in befeilige kompaktskiif nei de fêsteskiif en dêrnei op in MP3-spiler sette, dan kinne jo dy kompaktskiif rippe.

Gewoanwei hat in kompaktskiif in diameter fan 120 mm. Der is lykwols ek in lytsere ferzje, de mini-kompakt disk, fan 80 mm en 21 minuten muzyk. De kompaktskiif bestiet foar it grutste part út in transparante keunststof beskermlaach fan 1,2 mm. Dêrop leit in aluminium laach mei oan de kant fan de beskermlaach hiel lytse dobkes, net djipper as 125 nm. Oer de oare kant fan dy aluminiumlaach leit in hurde laklaach, dêr't faak tekst en ôfbylden op oanbrocht binne. De dobkes foarmje in 5,4 kilometer lange spiraal dy't fan it midden út ôftaasd wurdt mei in ljochtstriel.

By de yntroduksje fan in nije standert foar kompaktskiven is keazen foar de nije namme DVD.