Ferskil tusken ferzjes fan "Laaksum"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
3 bytes grutter ,  9 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
 
== Untwikkeling ==
Yn [[1325]] hiet iter '' Laxnum'' en yn [[1487]] wurdt iter ''Laexum'' neamd. Yn [[1345]] komt de greve fan Hollan yn Laaksum oan lân om Fryslân oan te fallen.
Yn [[1718]] wienen der acht huzen yn Laaxum. Yn [[1851]] wienen ditdat seis.
Laaksum telde oan it begjin fan de tweintichste ieu sechtjin huzen en twa pleatsen. Der wennen mear as hûndert minsken. Neikommende famyljes wennen der doe: Visser (10), Vogelzang (2), de Vries (3), Heijes, Bakker en Boersma.
Tsjintwurdich steane noch alve huzen en in pleats yn Laaksum.
==Fiskerij==
Yn 1500 wie Laaksum al bekend troch de botfiskerij op it Frouwesân. Yn [[1680]] wurdt melding makke fan ielfiskers yn Laaksum.
Fan de fiskerij is yn Laaksum nei it ôfsluten fan de [[Sudersee]] suver neat mear oer. Allinne it gebou dêr't earder de [[hjerring]] sâlte en rikke waard, [[bokkenhang|de Hang]] neamd, is noch as boufal oanwêzich. Oant krekt nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard dêr alle dagen skrept om de moarns oanfierde hjerring jûns op 'e tiid op de trein yn [[Starum]] te krijen. De fisk waard as [[Lemster bokken]] meast ferkocht nei [[Dútslân]].
 
[[Ofbyld:080507 Laaksum Fryslân NL - recreatieterreintje.jpg|right|thumb|400px|It rekreaasjeterreintsje by it haventsje fan Laaksum (2008)]]
De Laaksumers hawwe net altyd hjerringfiskers west: om [[1500]] hinne stie Laaksum bekend fanwege de [[bot (Fisk)|botfiskerij]] en yn de [[17e ieu]] fanwege de [[iel|ielfiskerij]]. Nei it oanlizzen fan de [[Ofslútdyk]] hawwe guon fiskers it noch in skoft besocht mei de ielfiskerij, mar dat wie gjin fetpot. Sa stadichoan binne se ien foar ien stoppeopholden.
 
It haventsje fan Laaksum spilet tsjintwurdich in beskieden rol yn it wettertoerisme, al hawwe de Laaksumers it leafst hurde wyn fan see: dan is der rêst yn it haventsje fan Laaksum.
10.424

bewurkings

Navigaasjemenu