Hegebeintum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Strjitten: ôfbylden der by
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Strjitten: ôfbylden der by wei
Rigel 51: Rigel 51:
Ofbyld:Harsta State tuin.jpg|Harstastate (tún)
Ofbyld:Harsta State tuin.jpg|Harstastate (tún)
Ofbyld:Harsta State hek.jpg|Harstastate (stek)
Ofbyld:Harsta State hek.jpg|Harstastate (stek)
Ofbyld:Harsta State tuinbeeld3.jpg|Harstastate (túnbyld)
Ofbyld:Harsta State tuinbeeld2.jpg|Harstastate (túnbyld)
Ofbyld:Harsta State tuinbeeld1.jpg|Harstastate (túnbyld)
</gallery>
</gallery>



De ferzje fan 18 jan 2012 om 22.41

lizzing fan Hegebeintum
de himrik fan Hegebeintum

Hegebeintum is in terpdoarp yn de gemeente Ferwerderadiel. Mei likernôch 103 (02-06-2008) ynwenners is it in lyts doarp. Hegebeintum leit op de heechste terp fan Nederlân: 8,80 meter boppe NAP. Troch setting (of boaiemsakking) fan de grûn is de hichte fan de terp yn de rin fan de ieuwen leger wurden; yn it ferline moat de terp noch heger west hawwe.


It besjen wurdich

De terp is al fan 600 foar Kristus ôf bewenne. It typysk Fryske tsjerkje mei stikken dowestien út de 13e ieu) dat boppe-op de terp fan Hegebeintum stiet kin besichtige wurde; ûnderoan de terp is in besikerssintrum. Opfallend oan de tsjerke binne de roubuorden. Yn dit Argeologysk Stipepunt fan it Frysk Museum wurdt in byld jûn fan alles wat mei de skiednis fan terpen te krijen hat. Hjir bewarret men in grutte kolleksje rouboerden mei kleurige wapens faan foarname famyljes Van Coehoorn, Van Nijsten en de Schepper fan Harsta-state dy't hjir nei tsjerke giene. By it ynformaasjesintrum sit ek de VVV fan Ferwerderadiel.

Wat bûten it doarp leit de Harsta State, in stins mei in mânske esk yn de tún mei in stinzefloara. Dit is teffens in Bêd-en-Brochje lokaasje en hat in teetún.

Ten suden fan it doarp stiet de Hegebeintumermole út 1860.

Burmaniapaad

Fan it eardere kleaster Foswert, tusken Ferwert en Wânswert, oer It Kleaster en troch de lannen, lâns de wetters De Traan en de Ferwerter Feart nei Hegebeintum. Oer de terp fan Hegebeintum en de Vogelzangsterwei nei De Ryp. Ut De Ryp wei oer de Kahoorsterleane nei de seedyk. It paad is 8,4 km lang.

Mienskip

Hegebeintum hat mei Ferwert in buertferiening.

Befolking

Strjitten

  • De Wym - buorskip De Wym
  • Harstawei -
  • Hege Tsjerkewei -
  • Mr. Boeleswei -
  • Mieddyk -
  • Alde feart -
  • Patroanswei -
  • Pypkedyk -
  • Underom -
  • Vogelzangsterwei -

Keppeling om utens