Sinnestelsel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Vagobot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - oars: ps:لمريز غونډال
Rigel 153: Rigel 153:
[[pms:Sistema solar]]
[[pms:Sistema solar]]
[[pnb:سورجی پربندھ]]
[[pnb:سورجی پربندھ]]
[[ps:لمريز نظام]]
[[ps:لمريز غونډال]]
[[pt:Sistema Solar]]
[[pt:Sistema Solar]]
[[qu:Inti Llika]]
[[qu:Inti Llika]]

De ferzje fan 15 jan 2012 om 00.44

Us sinnestelsel, mei de sinne en de planeten

In sinnestelsel is stelsel fan in stjer en in tal fan planeten; yn it bysûnder fan ús sinne mei de planeten deromhinne. Fierders kinne lytsere himellichems, as dwerchplaneten, planetoïden, moannen en kometen, noch in part fan in sinnestelsel wêze.

Planeten

It sinnestelsel hat 8 planeten: Merkurius, Fenus, de Ierde, Mars, Jupiter, Saturnus, Uranus en Neptunus.

Mear planeten

Der wurdt faak praat oer mooglike oare planeten.

  • As útlis fan in ôfwiking yn de baan fan Merkurius is oannaam dat der noch in planeet tichter by de sinne wêze moast, dy't Fulkanus neamd waard. Mar Albert Einstein berekkene mei syn relativensteory dat de tiid-romte-ferfoarming troch de sinne, ferantwurdlik wie foar dy ôfwiking.
  • Tusken Mars en Jupiter leit de astroidengurl. Om't de Titius-Bode wet oanjout dat dêr in planeet wêze moat is oannaam dat hjir ea in planeet west hat, dêr't de astroiden fan tebek binne. Mar no wurdt ek wol tocht dat him op dy ôfstân allinnich in dwerchplaneet, Seres ûntwikkele hat.
  • De dwerchplaneet Pluto op de râne fan de Kuipergurl waard oant 2006 beskôge as de njoggende planeet fan it sinnestelsel.
  • De gruttere planeten hawwe moannen dy't grutter binne as in lytse planeet.

Dwerchplaneten

Njonken de acht planeten binne der yn ús sinnestelsel noch in tal dwerchplaneten. Yn de astroidengurl is dat Seres, yn de Kuipergurl binne dat Pluto en Charon en djipper yn de gurl binne der noch mear, mûglik in lytse sechtich.

Astroïden

Yn it sinnestelsel binne meardere gurls mei astroïden ensfh. Benammen binne der de Astroidengurl, de Kuipergurl, en de Oort-wolk, mar der binne mear. Dizze plakken wurde ek sjoen as oarsprong fan de kometen.

Kometen

Kometen (ek sturtstjer) hawwe in baan dy tige elliptysk is, en dêr't se op it fierste punt fier fan de sinne mei binne. In komeet as de komeet fan Halley komt frij gau wer werom (76 jier), mar der binne ek kometen dy't in baan hawwe fan tûzen jier of langer.

Meteoren

Der wurdt twivele oer de betroudens fan ien of mear ûnderdielen fan dit artikel.
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en
pas nei kontrôle it artikel oan.


In astroïde of in komeet dy't troch de dampkring komt hjit in meteoar. Troch de wriuwing fan de lucht wurdt de meteoar sa hyt dat er begjint de gloedzjen. Dêrtroch is er fan de ierde ôf te sjen as in ljocht yn 'e loft. Faak baarnt in meteoar op dy manear hielendal fuort wylst er noch yn de dampkring is. At in meteoar al op de ierde komt, hjit er in meteoaryt.

Stjerre

Om't der in wisse oarder sit yn it ferstjerren fan soarten op ierde, is der in teory optocht dy seit dat de Sinne op grutte ôfstân beselskippe wurdt troch in oare stjerre, Nemesis, dy't as dy twa te ticht byelkoar binne de baan fan kometen feroaret sadat dy op planeten as de Ierde telâne komme. Oan't no ta is Nemesis noch net fûn.

Molkenpaad

It sinnestelsel is in part fan in spiraalfoarmich stjerrestelsel, it Molkenpaad, dat sa'n 200 miljard stjerren grut is. It grutste part fan dizze stjerren is part fan in spiraalearm, mar de sinne is dat net. Hie dat al sa west dan wie troch de strieling fan supernova's op Ierde hast gjin libben mooglik west.

Keppelings om utens