Fiktoriaanske Tiid: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
it grutte klokkespul waard dêrnei ek spultsje neamd
L kaartsje
Rigel 1: Rigel 1:
It '''Viktoriaansk tiidrek''' wurdt de lange regearingsperioade fan de Ingelske [[Victoria fan it Feriene Keninkryk|keninginne Victoria]] (1837 oant 1901) mei oantsjut. De dêrfan ôflate term 'Viktoriaansk' stiet ek foar de keunststilen, [[moade]]s, [[seden]] en opfettings dy't yn dy tiid benammen yn [[Grut-Brittanje]] gongber wienen.
[[Ofbyld:Queen Victoria 1887.jpg|thumb|125px|Keninginne Viktoria]]
[[Ofbyld:Queen Victoria 1887.jpg|thumb|125px|Keninginne Viktoria]]
[[Ofbyld:British Empire 1897.jpg|thumb|300px|It Britske ryk yn 1897]]
It '''Viktoriaansk tiidrek''' wurdt de lange regearingsperioade fan de Ingelske [[Victoria fan it Feriene Keninkryk|keninginne Victoria]] (1837 oant 1901) mei oantsjut. De dêrfan ôflate term 'Viktoriaansk' stiet ek foar de keunststilen, [[moade]]s, [[seden]] en opfettings dy't yn dy tiid benammen yn [[Grut-Brittanje]] gongber wienen.

Under Viktoria joech Ingelân de toan oan yn de wrâld en wie it [[Feriene Keninkryk]] in wrâldryk (''Britannia rule(s) the waves''). De [[Yndustriële Revolúsje]] hie soarge foar in grutte technologyske foarsprong en in bloeiende ekonomy.

De ferzje fan 9 jan 2012 om 18.56

Keninginne Viktoria
It Britske ryk yn 1897

It Viktoriaansk tiidrek wurdt de lange regearingsperioade fan de Ingelske keninginne Victoria (1837 oant 1901) mei oantsjut. De dêrfan ôflate term 'Viktoriaansk' stiet ek foar de keunststilen, moades, seden en opfettings dy't yn dy tiid benammen yn Grut-Brittanje gongber wienen.

Under Viktoria joech Ingelân de toan oan yn de wrâld en wie it Feriene Keninkryk in wrâldryk (Britannia rule(s) the waves). De Yndustriële Revolúsje hie soarge foar in grutte technologyske foarsprong en in bloeiende ekonomy.

Yn de Viktoriaanske tiid wiene hja tige keken. It is net om de nocht dat de Viktoriaanske tiid bekend stiet as 'de ieu fan de keinens'.

It wie ek de tiid fan it kolonialisme, ymperialisme en de sosjale ûngelikenens en de tiid dat de streamingen fan de romantyk, it kommunisme en it anargisme ûntstienen.

Eleminten fan de Viktoriaanske libbenshâlding binne: konservatisme, selsfoldienens, strange fatsoensnoarmen, nochterens en in bytsje gefoel foar humor. De begoedige boarger joech de toan oan; frommens en ynbannigens wienen de deugden dy't elts beoefenje moast; it uterjen fan seksualiteit en erotyk yn it iepenbier wienen tabû.
In skaaimerk fan dy tiid is ek de dûbele moraal op seksueel gebiet (folslein ferskillende noarmen foar man en frou). 'Earberens' wie foar froulju it meast wichtige ideaal. Manlju mochten har wol fermeitsje yn it grut tal ynformele bordelen, dêr't bygelyks Londen fan optilde, at sy it mar net oan de grutte klok hongen. De wolfeart en selsfoldienens fan it boargerdom wurde wjerspegele yn de Viktoriaanske styl.

Yn it generaal hearske de oertsjûging fan de superioriteit fan de westerske beskaving dy't it 'ûnbeskaafde' part fan de wrâld 'rêde moast fan har barbaarske gewoanten' en it kristendom bringe moast (The white man's burden). In optimistysk foarútgongsleauwe wie de noarm yn Europa en Amearika; dat soe sa bliuwe oant de desyllúzje fan de Earste Wrâldkriich.