Ferskil tusken ferzjes fan "De Nederlannen"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
werom setten nei de ferzje fan WikitanvirBot
(Werom sette fan ferzje 525479 fan Special:Contributions/212.178.222.196 (Meidogger_oerlis:212.178.222.196) Boartsjende Bêrn)
(werom setten nei de ferzje fan WikitanvirBot)
De '''Lege kannenLannen''' oftewol de '''Nederlannen''' is it leechlizzende gebiet yn West-Jeropa dêr't hoide jongsteaten [[Nederlân]] en [[Belgje]] lizze. Soms wurdt ek [[Lúksemboarch (lân)|Lúksemboarch]] ta de Lege Lannen rekkene. De beneaming wurdt fral brûkt troch de skiedskriuwerij om it gebiet mei oan te tsjutten doe't beide (of alle trije) steaten noch net bestiene.
 
== Namme ==
[[Image:Benelux satellite image.PNG|300px|thumb|It westen fan de Benelúks geografysk]]
[[Ofbyld:Map Low Countries 14th century-Nl.svg|thumb|300px|De Lege Lannen yn de 14e ieu.]]
De namme 'de Lege Lannen' is tige tapaslik omdat it gebiet in leechlizzende flakte is, dy't ûntstien is as [[rivierdelta|delta]] fan in tal grutte rivieren, de [[Ryn]], de [[Maas]], de [[Isel]] en de [[Skelde]]. Dochs is dizze namme, likegoed as de namme '''Nederlân''', histoarysk besjoen op oare grûnen ta stân kommen. <ref> Filips de Goede, hartoch fan Boergonje (1396-1467), brocht it grutste part fan it grûngebiet fan de hjoeddeiske Benelúks gear mei parten fan it noarden fan Frankryk ûnder syn bewâld. Syn besittings waarden fanút syn eigen eachpunt oantsjutten, en omdat er meastentiids yn Flaanderen of Brabân tahâlde: ''les pays de par deça'', 'de lannen fan herwerts oer'. Dat hold yn 'dizze lannen hjir, fuortendaliks om ús hinne' en dat yn tsjinstelling wie mei ''les pays de par delà'', 'de lannen fan dêrwerts oer, de lannen dêr', nammentlik it eigentlike Boergonje, sjoch: [http://dutchrevolt.leidenuniv.nl/Nederlands/verhaal/verhaal01.htm]. <br>In lettere opfolger fan him [[keizer Karel V]] hantearre in lyksoartige twadieling, mar kearde as [[Habsburger]] it perspektyf om en tsjutte de Nederlânske gewesten fan him oan as ''les pays d'em bas'' (oftewol ''les Pays-Bas''). </ref>
56.977

bewurkings

Navigaasjemenu