Eastergoa: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Roepers (oerlis | bydragen)
interwiki nl:
L robot Erbij: nds-nl:Oostergo
Rigel 36: Rigel 36:
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]


[[nds-nl:Oostergo]]
[[nl:Oostergo]]
[[nl:Oostergo]]

De ferzje fan 7 okt 2006 om 18.09

Eastergoa wie ien fan de sân seelannen, ien fan de trije dy't binnen de grinzen fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân leinen. Letter wie it ien fan de trije goaen, fan Fryslân.

Gebiet

Oan de westkant wie Eastergoa begrinze troch de Middelsee mei oan de oare kant Westergoa. Nei it suden wienen de Alde Leppedyk en de Boarn de grins mei Bornegoa, en letter mei Sânwâlden. Nei it easten foarmen de Lauwers en de Lauwersee de grins mei it Westerkertier fan de Ommelannen.

1200

Hiel dit gebiet hearde ta Wininge, útsein Achtkarspelen, dat doe noch net ta Eastergoa rekkene waard. Om 1200 hinne bestie Wininge út Dantumadiel, Dongeradiel en Ferwerderadiel yn it noarden, en Idaarderadiel, Ljouwerteradiel en Tytsjerksteradiel yn it suden. Om 1250 is it op dy wize yn de "noardlike njoggen" en de "sudlike njoggen" split.

1500

Om 1500 hinne wienen dy parten fierder útelkoar fallen sa't Eastergoa al split wie yn de bekende twa stêden, Ljouwert en Dokkum, en de âlve gritenijen, Achterkarspelen, Dantumadiel, East-Dongeradiel, Ferwerderadiel, Idaarderadiel, Ljouwerteradiel, Kollum en Nije Krúslân, Raerderhim, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en West-Dongeradiel.

gritenijen in Eastergoa oan ein 17e ieu

De alve gritenijen fan Eastergoa:

1. Ljouwerteradiel
2. Ferwerderadiel
3. West-Dongeradiel
4. East-Dongeradiel
5. Kollumerlân
6. Achtkarspelen
7. Dantumadiel
8. Tytsjerksteradiel
9. Smellingerlân
10. Idaarderadiel
11. Raerderhim

De twa stêden:

Lw: Ljouwert
D: Dokkum