Madrid: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Vagobot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: mhr:Мадрид
Vagobot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: xmf:მადრიდი
Rigel 207: Rigel 207:
[[war:Madrid]]
[[war:Madrid]]
[[wo:Madrid]]
[[wo:Madrid]]
[[xmf:მადრიდი]]
[[zh:马德里]]
[[zh:马德里]]
[[zh-yue:馬德里]]
[[zh-yue:馬德里]]

De ferzje fan 30 des 2011 om 14.52

metropoal Madrid

Madrid is de haadstêd en grutste stêd fan Spanje. De stêd leit yn de midden fan it lân, op de Spaanske Heechflakte. It is de op twa nei grutste stêd fan de Jeropeeske Uny en jildt as in offisjele wrâldstêd. Madrid is ek de haadstêd fan de Spaanske regio mei deselde namme Madrid.

Troch de sintrale lizzing fan de stêd, de skiednis, politike en finansjele funksjes wurdt Madrid beskôge as de wichtichste stêd fan it Ibearysk Skiereilân. De stêd hat in ynwennertal fan 3.228.359 en mei de stêdekloft derom himme wenje der mear as 6 miljoen minsken. De ynwenners fan de stêd wurde yn it Spaansk “Madrileños” neamd. Nettsjinsteande it feit dat de stêd as in wrâldstêd sjoen wurde kin, mei in tige drok ferkearsnet hat, hawwe de measte wiken fan de stêd harren oarspronklike sfear diels behâlde kind.

Geografy

Topografy

Madrid leit yn it sintrum fan it Ibearysk Skiereilân, tusken de twa autonome regio’s: Kastylje-La Mancha en Kastylje en Leon. De stêd leit op in hichte fan 667 meter boppe seenivo, wat in grutte ynfloed op it klimaat hat. De rivier Manzanares streamt de stêd binnen troch de bosken fan it distrikt “Casa del Campo”, en snijt ûnder oare troch de stêdsdistrikten Latina, Carabanchel en it sintrum fan Madrid.

Nijsgjirrichheden

Musea

Pradomuseum

De trije wichtichste musea fan de stêd binne op ynternasjonaal nivo foaroprinnend:

Oare wichtige musea binne it Nasjonaal Argeologysk Museum, it José Padilla Museum, it Medysk Antropologysk Museum en it Manuel Benedito Museum

Tsjerken

Yn de omjouwing fan Madrid binne in oantal oantreklike lytsere stêden te finen lykas: Ávila, Alcalá de Henares, Toledo, Aranjuez en Segovia.

Sport

Madrid hat twa grutte fuotbalklubs: Real Madrid en Atlético Madrid. Beide ferienigingen hawwe in eigen stadion, te witten Santiago Bernabéu en Vicente Calderón. Yn 1982 waard it WK Fuotbal yn Madrid holden. De stêd hat ek twa bekende basketbalteams, in motorsirkwy en in Formule 1 sirkwy. Tichtby Madrid kin yn de winter ek skyd wurde, yn de bergen fan de “Sierra de Guadarrama”, dêr't de bekende skioarden Valdesqui en Navacerrada lizze. Yn 2005 waard yn Madrid ek it Wrâldkampioenskip hurdfytsen organisearre.

Keppeling om utens