Sittende Bolle: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: sr:Седећи Бик
L r2.7.1) (Bot - oars: sr:Бик који Седи
Rigel 68: Rigel 68:
[[sk:Sediaci Býk]]
[[sk:Sediaci Býk]]
[[sl:Sedeči bik]]
[[sl:Sedeči bik]]
[[sr:Седећи Бик]]
[[sr:Бик који Седи]]
[[sv:Sitting Bull]]
[[sv:Sitting Bull]]
[[th:ซิตติง บูลล์]]
[[th:ซิตติง บูลล์]]

De ferzje fan 26 des 2011 om 20.02

Sitting Bull

Tatanka Iyotake (by de Grand River (South Dakota), 1831Standing-Rock-reservaat (North Dakota), 15 desimber 1890), better bekend as Sitting Bull, wie in lieder fan de Hunkpapa Sioux (sjoch Lakota) yn de Feriene Steaten.

Hy fierde 3500 Siouks- en Seyenne krigers oan tsjin de 7e Kavalery fan de FS en generaal George Armstrong Custer, yn de Slach by de Little Bighorn op 25 juny 1876. Hoewol't Sitting Bull net persoanlik meidie oan it gefjocht, waarden de opperhaden oanfjurre troch in dream dy't hy hie, wêryn in kloft Amerikaanske soldaten yn syn hannen foel.

Ferantwurdlik achte foar it bloedbad, brocht Sitting Bull syn stam nei Kanada. Dizze bleau dêr oant Sitting Bull him op 20 july 1881 tegearre mei de lêste flechtlingen oan de Amerikaanske troepen yn Fort Buford, Montana, oerjoech fanwege in tekoart oan fiedsel. De regearing ferliende him amnesty.

Letter toerde Sitting Bull mei Buffalo Bill's Wild West Show, dêr't hy in populêre attraksje wie. Faak waard him frege it publyk ta te sprekken, wêrop hy harren faak ferflokte yn it Lakota, ûnder wyld applaus fan syn harkers.

Oan de ein fan syn libben waard Sitting Bull oanlutsen ta de mystike Ghost Dance om de blanke besetters fan it lân fan syn folk te ferbaljen. It Amerikaanske regear fielde soks as in bedriging en in kloft Yndiaanske plysjemannen krige de opdracht him te arrestearjen. Yn it neifolgjende gefjocht kamen Sitting Bull en syn soan Crow Foot om it libben.