Argusflinter: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
No edit summary
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 31: Rigel 31:
== Sjoch ek ==
== Sjoch ek ==
* [[List fan flinters]].
* [[List fan flinters]].

[[Kategory:Flintersoarten]]

De ferzje fan 2 okt 2006 om 20.04

Berjocht:Soarte De Argusflinter (Lasiommata megera) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymhalidae)

Foarkommen

De Argusflinter komt yn Nederlân ferspried foar. De flinter libbet op gefarieerde greiden mei iepen plakken lâns de sleatskant, diken en boskrânen. De fersprieding is yn de rin fan de tweintichste ieuw weinich feroare. De soart is yn de jierren njoggentich efterútgong.

Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.

Flinter

Lasiomatta betsjut grute eagen. It mantsje ferdidicht in territoarium. De wjuklingte is 19 oant 25 mm. De Argusflinter is oan de boppekant fan de wjukken oranje. De each flekken op de boppekant fan de efterwjuk binne swart en stean op in oranje flak. Mantsjes hawwe in grutte swarte geurstreek op de boppekant fan de foarwjuk. It is skichtige flinter.

Fleantiid

De flinter kin sjoen wurde fan ein april oant begjin novimber. Hy is foaral te sjen tusken 1 oant 15 juny en 5 oant 25 augustus. Er binne trije oerrinnende generaasjes. De Argusflinter fleant yn trije oerrinnende generaasjes.

Rûp

De rûp kin 25 mm lang wurde. It liif is blaueftich grien mei wite lijn op de rêch en sydkant. De rûp oerwintert as healwaks rûp ferskule yn in gerspôle. De groeiperioade fan de rûp leit tusken maart oant oktober.

De rûp fret ferskillende soarten gers lykas Kropaar, beemdgers, rûche Smele, kweek.

De Argusflinter

Sjoch ek