Sofokles: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: ms:Sophocles
L r2.7.1) (Bot - derby: diq:Sofokles
Rigel 44: Rigel 44:
[[da:Sofokles]]
[[da:Sofokles]]
[[de:Sophokles]]
[[de:Sophokles]]
[[diq:Sofokles]]
[[el:Σοφοκλής]]
[[el:Σοφοκλής]]
[[en:Sophocles]]
[[en:Sophocles]]

De ferzje fan 10 des 2011 om 09.30

Sofokles yn himation. Romeinske moarmeren kopy fan in Gryksk orizjineel.

Sofokles (Aldgryksk: (gr) Σοφοκλῆς) (Kolonos, 496 f.Kr. - Atene, 406 f.Kr.) wie ien fan de trije grutte Attyske trageedzjedichters neist Euripides en Aeschylus.

Biografy

Hy waard berne yn 496 f.Kr. yn Kolonos (in foarstêd fan Atene), as soan fan in rike smid (wapens). De jonge Sofokles krige in fersoarge opfieding, op sportyf mear ek op artistyk flak.

Yn 480 krige hy, as jonge fan 16, de lieding fan en trede op as stjerútfierder by in oerwinningsfeest nei de Slach by Salamis, neffens de leginde ûnder it goedkarrend each fan Aeschylus, dy't ien fan de huldigden wie, wyls at inkele kilometers fierder op it eilân Salamis Euripides berne waard.

Sofokles droech blykber syn literêr talint oer op syn neiteam. Syn soan Iofon wie ek treurspuldichter krektas in bastert-pakesizzer Sofokles “de Jongere”, deêr't er iepentlik in swak foar hie.

Yn 468 f.Kr. die jhy foiar it earste mei oan de Dionysia, en dat wie it begjin fan in tradysje dy't 60 jier duorje soe. Yn dy lange karriêre soe hy 24 kear de 1e priis helje (yn 458 gie de 1e priis foar de lêste kear nei Aeschylus, en yn 455 waard Euripides foar de earste kear selektearre).

Sofokles hearde ta de heechste fermiddens yn Atene. Mei ûnder oare Herodotos (skriuwer-histoarikus), Anaxagoras (filosoof), Hippodamos (arsjitekt), Phidias (byldhouwer) makke hy diel út fan de artistike en yntellektuele fermidden om Perikles.

Hy beklaaie in pear hege politike en militêre funksjes:

  • yn 443/442 wie hy Hellenotamias (ien fan de tsien behearders fan de Delysk-Attyske Bûnskas);
  • yn 441 krige hy mei Perikles it oerbefel yn in militêre kampanje tsjin Samos (in "beleanning" foar syn Antigone, bewearden syn rivalen);
  • yn de perioade 425-420 beklaaide hy religieuze funksjes: û.o. as pryster fan Asklepios stelde hy syn hûs ta beskikking fan de earetsjinst, yn ôfwachting fan de foltôging fan it nije hillichdoam foar Asklepios. Hy komponearre ek in kultus-liet ta eare fan Asklepios;
  • yn 413, mei de bestjoerlike krisis dy’t ûntstien wie nei de Ateense nederlaach yn Sisylje waard hy oansteld as próboulos mei bysûndere regearingsfolmachten.

It meastepart fan syn oeuvre kaam ta stân yn de sombere oarlochsjierren fan de Peloponnesyske Oarloch, wêrfan de aktualiteit him wolris ynspirearre. Sa kaam bygelyks syn ferneamde Oidipous ta stân nei de pestepidemy dy’t de Ateenske befolking desimearre. Yn 407/6 kaam syn alderlêste wurk ta stân, Oedipus te Kolonos (it stik waard pas postúm útfierd yn 401).

Doe't syn rivaal Euripides yn 406 stoar, seach men Sofokles yn de rou. Sels ferstoar hy noch datselde jier op de segene leeftyd fan 90 jier. Neffens de biografen ferslokte hy him deadlik doe’t hy by in banket op fersyk deklamearre út syn leavelingsstik, de Antigone.