Buma (laach): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L kat. oanpast
Rigel 15: Rigel 15:
== Buma ==
== Buma ==
* [[Bernardus Buma]], grytman
* [[Bernardus Buma]], grytman
* [[Wiardus Willem Buma]] (1802-1873), ûnder oare lid Provinsjale en Deputearre Steaten
* [[Wibo Bernhardus Buma]] (1807-1848), grytman fan Baarderadiel
* [[Bernhardus Jouke Buma]] (1835-1874), boargemaster fan Hemelumer Oldeferd en Noardwâlde


== Van Haersma Buma ==
== Van Haersma Buma ==

De ferzje fan 4 des 2011 om 21.20

Bernhardus Buma
Wiardus Willem Buma
Bernhardus Hopperus Buma

Buma is in Nederlânsk patrysjerslaach ôfkomstich út Fryslân, lykwols net allegearre fan deselde stam.

Beskriuwing

Bekend is it laach út Dearsum, dêr't ien fan de namme Buma oannimt fan syn frou. Dêr binne Gerlacus Buma (1732 - 1807), Bernardus Buma en Wiardus Willem Buma fuortkaam.[1]

By Weidum leit it partikuliere begraafplak fan de Fryske Buma's. De pleats yn de omkriten hie it hôf op'e noed en de pachtopbringst waard brûkt foar it ûnderhâld. Op de homeie fan it hôf steane de liuwen fan it laach Buma en it laach Hora Siccama. As stifters fan dit tsjerkhôf kinne Rolina Hora Maria Siccema en har man, Bernhardus Buma (1770-1838), beskôge wurde.

Yn 1839 kaam it tsjerkhôf yn famyljebesit, eigner waard harren soan Mr. Wiardus Willem Buma (1802-1873) troud mei Maria de With (1803-1878). Harren soan Bernhardus (1826-1892) naam de namme Hopperus Buma oan [2] en waard dêrtroch de stamheit fan it laach Hopperus Buma. In oare soan, Sijbrand van Haersma (1830-1886), naam de namme Van Haersma Buma oan [3] en waard sa de stamheit fan it laach Van Haersma Buma.

It falt op dat in protte leden fan dit laach wurken by it iepenbier bestjoer, justysje en de kriichsmacht. Harren grêven binne te finen op it famyljetsjerkhôf yn Weidum.[4]

Buma

Van Haersma Buma

Hopperus Buma

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brouwer, J. H., Encyclopedie van Friesland, 1958. Buma
  2. Keninklik Beslút. d.d. 3 novimber 1867 nr. 140
  3. Keninklik Beslút. d.d. 30 jannewaris 1870 nr. 13
  4. Famyljebegraafplak fan de Buma's