Fan Aylva: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L kat. oanpast
Rigel 20: Rigel 20:


== Keppeling om utens ==
== Keppeling om utens ==
* [http://www.simonwierstra.nl/aylva.htm Genealogy Van Aylva troch Simon Wierstra]
* [http://www.simonwierstra.nl/AYLVA.htm Genealogy Van Aylva troch Simon Wierstra]


{{boarnen|boarnefernijing=
{{boarnen|boarnefernijing=

De ferzje fan 29 nov 2011 om 21.55

De famylje Van Aylva wie in ynfloedryke famylje út Wytmarsum. Stamheit wie Douwe Aylva, † 1370.

Aylva's yn Holwert

De earste Van Aylva dy't grytman fan West-Dongeradiel wie, hat Ernst van Aylva west. Hy is yn 28 novimber 1627 yn Holwert ferstoarn.

De lettere van Aylva's hawwe ek in wichtige rol spile yn de Fryske polityk. De bekendste hat Hans Willem van Aylva west. Hy sette mei Albertina Agnes it leger wer op poaten by de Mûnsterke ynfal yn 1672. Syn bynamme wie 'de Geweldige'.

De lêste Holwerter van Aylva dy't grytman west hat wie Sicco Douwe van Aylva, ferstoarn yn 1807. Hy wenne op Haniastate. Yn syn testamint stie dat Haniastate sloopt wurde moast. Dat is ek bard.

In oare state, wêr't van Aylva's yn Holwert wennen wie Aylvastate of Brandstede.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Aylva.