Kigali: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: nap:Kigali (deleted)
Amirobot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: az:Kiqali
Rigel 58: Rigel 58:
[[am:ኪጋሊ]]
[[am:ኪጋሊ]]
[[ar:كيغالي]]
[[ar:كيغالي]]
[[az:Kiqali]]
[[be:Горад Кігалі]]
[[be:Горад Кігалі]]
[[be-x-old:Кігалі]]
[[be-x-old:Кігалі]]

De ferzje fan 24 nov 2011 om 13.46

Kigaly
Sintrum Kigaly
Sintrum Kigaly
Polityk
Lân Rûanda
Provinsje Kigaly-Stêd
Sifers
Ynwennertal 965.398 (2009)
Oerflak 730 km²
Befolkingsticht. 1165,8/ km²
Hichte 1567 m
Oar
Stifting 1907
Tiidsône CAT (UTC+2)
Koördinaten
Offisjele webside
(in) Offisjeel webstee Kigaly

Kigaly is de haadstêd en grutste stêd fan Rûanda. It plak lei by it geografysk middelpunt fan it lân en is, sûnt it haadstêd waard by de ûnôfhinklikens yn 1962, it ekonomyske, kultuerele en transportsintrum fan Rûanda.

Ut de skiednis

Kigaly waard yn 1907 ûnder de Dútse kolonisaasje troch Richard Kandt stifte. Earst yn 1962, by de dekolonisaasje, waard Kigaly de haadstêd fan Rûanda. De tradysjonele haadstêd wie yn it ferline de residinsje fan de Mwami (kening) te Nyanza. It koloniale sintrum wie yn Butare, dat doetiids Astrida hjitte. Yn it earstoan wie it de bedoeling dat Butare de haadstêd fan it ûnôfhinklike Rûanda wurde soe, mar út reden fan de sintrale lizzing fan de stêd waard it dochs Kigaly. Sûnttiid is de stêd hurd groeid en hieltyd it politike, ekonomyske en kultuerele sintrum fan Rûanda bleaun.

Noardlike bûtenwyk yn Kigaly

Fan 7 april 1994 ôf wie Kigaly it toaniel fan de Rûandeeske genoside, de moard op sa'n miljoen Tûtsy's en matige Hûtû's troch Hûtû-milysjes (interahamwe) en leden fan it Rûandeeske leger. Yn Kigaly wie ek de striid tusken it leger, dat troch Hûtû's dominearre waard, en it Front Patriotique Rwandais (FPR, Patriottysk Front fan Rûanda), dat meast út Tûtsy's bestie.

Nei 1994 koe de stêd har hurd ûntjaan. In protte Rûandezen hawwe har dêr nei wenjen set, benammen Tûtsyflechtlingen dy't weromkaam binne. Der binne in soad nije gebouwen set en der wurdt noch hieltyd boud.


Geografy

Kigaly is opboud om fjouwer sintrums hinne, dy't oerienkomme mei de eardere doarpen Nyarugenge, Kanombe, Mutamba en Butamwa.

Ferbiningen

De stêd hat in ynternasjonale lofthaven mei deistige flechten op Nairoby en Addis Abeba, nei Europa en alle wichtige Afrikaanske lannen. Kigaly leit oan in grutte dyk, dy't de stêd ferbynt mei Bûrûndy yn it suden en mei Uganda yn it noarden.

Underwiis

Kigaly hat de Technyske Hegeskoalle Kigaly en der sitte mear as ien Ingelsktalige skoallen en ien Frânsktalige Belgyske skoalle.

Kigaly sjoen troch Spot Satellite

Keppeling om utens