Moarre: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
koo
L [[]], al wer neat te rêden
Rigel 27: Rigel 27:


== It doarpsbestjoer ==
== It doarpsbestjoer ==
Moarre hie 19 stimmen. Regel wie dat dy stimhawwers de tsjerkfâden keazen. Dy tsjerkfâden foarmen dan ek it deistich doarpsbestjoer. Yn Moarre lei dat oars; troch in âld foarrjocht fan de eigners fan de states Hooghuistra, Botma, [[Heemstrastate (Moarre)|Heemstra]] en Nittema wienen dy om bar tsjerkfâd. Aldhuistra wie in state efkes noard-westlik fan it doarp.
Moarre hie 19 stimmen. Regel wie dat dy stimhawwers de tsjerkfâden keazen. Dy tsjerkfâden foarmen dan ek it deistich doarpsbestjoer. Yn Moarre lei dat oars; troch in âld foarrjocht fan de eigners fan de states Hooghuistra, Botma, [[Heemstrastate (Moarre)|Heemstra]] en [[Nittemastate|Nittema]] wienen dy om bar tsjerkfâd. Aldhuistra wie in state efkes noard-westlik fan it doarp.


Ta de himrik fan Moarre hearde ek [[Fridhuistrastate]] ûnder [[Mitselwier]].
Ta de himrik fan Moarre hearde ek [[Fridhuistrastate]] ûnder [[Mitselwier]].
Rigel 33: Rigel 33:
== De tsjerke ==
== De tsjerke ==
[[Ofbyld:Moarre tsjerke.JPG|right|thumb|''tsjerke fan Moarre'']]
[[Ofbyld:Moarre tsjerke.JPG|right|thumb|''tsjerke fan Moarre'']]
De tsjerke dy't wijd wie oan de Hillige Jehannes de Evengelist, is ûntstien yn twadde helte fan de [[13e ieu]]. Yn de [[18e ieu]] hawwe fernijingen oan de tsjerke west, bygelyks it tonferwulft yn [[1737]]. Yn [[1843]] hat der in grutte ferbouwing plak fûn. Doe is de, mooglik 16e ieuske, toer ôfbrutsen en de neo-klassike lantearne ta stân kommen en yn 1920/21 krige it gebou in nije flier, kap en ferwulft. De klok (diameter 85cm) is fan [[1659]] en getten troch [[Jurjen Balthasar|Iurien Balthasar]] út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
De tsjerke dy't wijd wie oan de Hillige Jehannes de Evengelist, is ûntstien yn twadde helte fan de [[13e ieu]]. Yn de [[18e ieu]] hawwe fernijingen oan de tsjerke west, bygelyks it tonferwulft yn [[1737]]. Yn [[1843]] hat der in grutte ferbouwing plak fûn. Doe is de, mooglik '[[16e ieu]]ske, toer ôfbrutsen en de neo-klassike lantearne ta stân kommen en yn 1920/21 krige it gebou in nije flier, kap en ferwulft. De klok (diameter 85cm) is fan [[1659]] en getten troch [[Jurjen Balthasar|Iurien Balthasar]] út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].


Yn de tsjerke binne noch sarken út de [[16e ieu|16e]] oant [[18e ieu]]. Ut [[1625]] is it lytse [[epitaaf]] foar Wopke fan Scheltema en Frouck Roorda fan [[Ginnum]], bewenners fan Heemstrastate.
Yn de tsjerke binne noch sarken út de [[16e ieu|16e]] oant [[18e ieu]]. Ut [[1625]] is it lytse [[epitaaf]] foar Wopke fan Scheltema en Frouck Roorda fan [[Ginnum]], bewenners fan Heemstrastate.
Rigel 41: Rigel 41:


== It kleaster ==
== It kleaster ==
Oan de noardkant fan de tsjintwurdige Kleasterwei lei it kleaster Weerd of Templum Domnini (de Tempel fan God). Folle is der oer dit nobertinessenkleaster net bekend. Guon ûndersykers binne fan betinken dat it kleaster al yn 1326 bestie, dat soe dan opmakke wurde kinne út de libbensbeskriuwingen fan guon abten fan [[Kleaster Mariëngaard]], mar earst yn [[1401]] is der sprake fan in 'kelner fan Weard'. It is net fan de abdij fan [[Dokkum]] út stifte, mar wie der wol ôfhinklik fan, want de abt fan Dokkum fersegele alle stikken foar Weerd.
Oan de noardkant fan de tsjintwurdige Kleasterwei lei it kleaster Weerd of ''Templum Domnini'' ('' de Tempel fan God). Folle is der oer dit nobertinessenkleaster net bekend. Guon ûndersykers binne fan betinken dat it kleaster al yn 1326 bestie, dat soe dan opmakke wurde kinne út de libbensbeskriuwingen fan guon abten fan [[Kleaster Mariëngaard]], mar earst yn [[1401]] is der sprake fan in 'kelner fan Weard'. It is net fan de abdij fan [[Dokkum]] út stifte, mar wie der wol ôfhinklik fan, want de abt fan Dokkum fersegele alle stikken foar Weerd.


Neffens de ''Staat van Aanbreng'' fan 1511, it register dêr't de grûnbelêsting út opmakke waard, hie it kleaster yn Moarre 834 pûnsmiet lân yn besit en docht bliken dat it in úthof efkes west fan [[Iezumasyl]] hie: Muontsehûs.
Neffens de ''Staat van Aanbreng'' fan 1511, it register dêr't de grûnbelêsting út opmakke waard, hie it kleaster yn Moarre 834 pûnsmiet lân yn besit en docht bliken dat it in úthof efkes west fan [[Iezumasyl]] hie: Muontsehûs.
Rigel 47: Rigel 47:
Yn [[1569]] hawwe de wettergeuzen it kleaster plondere en yn 'e brân stutsen. Dat wie de deastek foar it kleaster. Yn [[1580]] namen de Steaten it kleasterbesit oer. De lettere pleats dy't op it plak fan it kleaster kaam te stean, hie 187 pûnsmiet lân. Foar in pleats in protte, mar der is dus ek in protte lân yn oare hannen oergien.
Yn [[1569]] hawwe de wettergeuzen it kleaster plondere en yn 'e brân stutsen. Dat wie de deastek foar it kleaster. Yn [[1580]] namen de Steaten it kleasterbesit oer. De lettere pleats dy't op it plak fan it kleaster kaam te stean, hie 187 pûnsmiet lân. Foar in pleats in protte, mar der is dus ek in protte lân yn oare hannen oergien.


Yn'e 18de ieu stie der neffens J. Stellingwerf noch in gebou mei goatyske merken, finsters tichtmitsele, op it terrein fan Weerd.
Yn'e 18de ieu stie der neffens [[Jacob Stellingwerf]] noch in gebou mei [[Gotyk|goatyske]] merken, finsters tichtmitsele, op it terrein fan Weerd.


== Mienskip ==
== Mienskip ==
Der is in feriening foar Doarpsbelangen dy't gearkomt yn doarpshûs De Stikel. Bern geane meast yn Ljussens nei basisskoalle De Griffel.
Der is in feriening foar Doarpsbelangen dy't gearkomt yn doarpshûs De Stikel. Bern geane meast yn Ljussens nei basisskoalle 'De Griffel.


=== Befolking ===
=== Befolking ===
Rigel 73: Rigel 73:


{{boarnen|boarnefernijing=
{{boarnen|boarnefernijing=
*{{Aut|Kerst Huisman}}, Ljouwerter Krante, 13 februaris 1996, artikel: 'Weard by Moarre: in kleasterhistoarje fol fragen'.
*{{Aut|[[Kerst Huisman]]}}, [[Ljouwerter Krante]], 13 februaris 1996, artikel: 'Weard by Moarre: in kleasterhistoarje fol fragen'.
*{{Aut|Herma M. van den Berg}} Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen, 1983. Haadstik Moarre.
*{{Aut|[[Herma M. van den Berg]]}} Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen, 1983. Haadstik Moarre.
}}
}}



De ferzje fan 21 nov 2011 om 20.22

Moarre
Flagge fan Moarre Wapen fan Moarre
Flagge Wapen
Lokaasje fan Moarre
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2004) 240
Webstee Webstee Moarre-Ljussens
Moarre fanút it sudwesten. It tsjerkje falt op tusken de hege beammen.

Moarre is in terpdoarp yn de gemeente Dongeradiel en hat sa'n 240 ynwenners. Der wurdt wol tocht dat Moarre al inkele ieuwen foar de jiertelling ûntstien is.

Moarre wurdt meastentiids tagelyk mei Ljussens neamd. It binne twilling doarpen. Sa hawwe dan ek mienskiplike foarsjenningen. Moarre is in greidedoarp en yn Ljussens is de bou it wichtichst. Se hawwe dan ek beide in oare skiednis en bouwize. Beide doarpen binne agrarysk. It molkfabryk "De Dongeradielen" fan 1915 is yn 1973 sletten.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Moarre diel út fan de gemeente East-Dongeradiel.

Namme

De namme sil fan "sompich lân" komme. Dit kin strike, want Moarre leit oan de noardkant fan it gebiet tusken Eanjum en Ie dat De Kolken neamd wurdt en earst sa om 1900, troch de wetterstân better te regeljen brûkber makke is. Guon miene dat de plaknammen 'Longonmore' en 'Mure', út de registers fan Kleaster Fulda (twadde helte 8e ieu), Moarre betreffe.

Ferbinings

Moarre leit oan de Lauwersseewei tusken Mitselwier en Eanjum. De Moarster Feart rint fan Moarre nei it súdeasten nei de Reidswâl ûnder Mitselwier en slút der oan op de Suderie.

Moarre/Ljussens lei sûnt 1913 oan it spoar fan Ljouwert nei Eanjum. Allinne de namme "Stasjonswei" is oerbleaun. It spoar is yn de Twadde Wrâldkriich opbrutsen. Sûnt 1933-36 waarden der al gjin reizgers mear ferfierd.

It doarpsbestjoer

Moarre hie 19 stimmen. Regel wie dat dy stimhawwers de tsjerkfâden keazen. Dy tsjerkfâden foarmen dan ek it deistich doarpsbestjoer. Yn Moarre lei dat oars; troch in âld foarrjocht fan de eigners fan de states Hooghuistra, Botma, Heemstra en Nittema wienen dy om bar tsjerkfâd. Aldhuistra wie in state efkes noard-westlik fan it doarp.

Ta de himrik fan Moarre hearde ek Fridhuistrastate ûnder Mitselwier.

De tsjerke

tsjerke fan Moarre

De tsjerke dy't wijd wie oan de Hillige Jehannes de Evengelist, is ûntstien yn twadde helte fan de 13e ieu. Yn de 18e ieu hawwe fernijingen oan de tsjerke west, bygelyks it tonferwulft yn 1737. Yn 1843 hat der in grutte ferbouwing plak fûn. Doe is de, mooglik '16e ieuske, toer ôfbrutsen en de neo-klassike lantearne ta stân kommen en yn 1920/21 krige it gebou in nije flier, kap en ferwulft. De klok (diameter 85cm) is fan 1659 en getten troch Iurien Balthasar út Ljouwert.

Yn de tsjerke binne noch sarken út de 16e oant 18e ieu. Ut 1625 is it lytse epitaaf foar Wopke fan Scheltema en Frouck Roorda fan Ginnum, bewenners fan Heemstrastate.

Moarre hat ek noch ien fan de fjouwer oargels dy't makke binne troch Johann Michaell Schwarzburg út 1740. De opdrachtjouster wie de widdo Jantsje Nannes Botma. It wapen fan har en har man is der dan ek op oanbrocht. Yn 1989 hat oargelmakkerij Bakker & Timminga de disposysje wer werom brocht sa as Schwarzburg dy oplevere hie.

It kleaster

Oan de noardkant fan de tsjintwurdige Kleasterwei lei it kleaster Weerd of Templum Domnini ( de Tempel fan God). Folle is der oer dit nobertinessenkleaster net bekend. Guon ûndersykers binne fan betinken dat it kleaster al yn 1326 bestie, dat soe dan opmakke wurde kinne út de libbensbeskriuwingen fan guon abten fan Kleaster Mariëngaard, mar earst yn 1401 is der sprake fan in 'kelner fan Weard'. It is net fan de abdij fan Dokkum út stifte, mar wie der wol ôfhinklik fan, want de abt fan Dokkum fersegele alle stikken foar Weerd.

Neffens de Staat van Aanbreng fan 1511, it register dêr't de grûnbelêsting út opmakke waard, hie it kleaster yn Moarre 834 pûnsmiet lân yn besit en docht bliken dat it in úthof efkes west fan Iezumasyl hie: Muontsehûs.

Yn 1569 hawwe de wettergeuzen it kleaster plondere en yn 'e brân stutsen. Dat wie de deastek foar it kleaster. Yn 1580 namen de Steaten it kleasterbesit oer. De lettere pleats dy't op it plak fan it kleaster kaam te stean, hie 187 pûnsmiet lân. Foar in pleats in protte, mar der is dus ek in protte lân yn oare hannen oergien.

Yn'e 18de ieu stie der neffens Jacob Stellingwerf noch in gebou mei goatyske merken, finsters tichtmitsele, op it terrein fan Weerd.

Mienskip

Der is in feriening foar Doarpsbelangen dy't gearkomt yn doarpshûs De Stikel. Bern geane meast yn Ljussens nei basisskoalle 'De Griffel.

Befolking

Ferienings

  • Advendo - muzyk
  • Warber Bliuwe - Moarre/Ljussens

Strjitten

Achterwei, Bûtenwei, Fjellingswei, Grutte Buorren, Griene Reed, Headamsterwei, Hearrewei, Keechsdyk, Kleasterwei, Koudenburgerreed, Lytse Buorren, Moarsterwei, Skyligerwei, Teatske Alzumstrjitte, Tsjerkestrjitte, Weardwei.

  • Teatske Alzum fan Moarre wie in Frysk skriuwster (1899-1962). Kate Ashton út Skotlân skreaun oer har it boek "Teatske Alzum har wrâld".

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens