Koarnwertersân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Amirobot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: eo:Kornwerderzand
Rigel 48: Rigel 48:
[[de:Kornwerderzand]]
[[de:Kornwerderzand]]
[[en:Kornwerderzand]]
[[en:Kornwerderzand]]
[[eo:Kornwerderzand]]
[[fr:Kornwerderzand]]
[[fr:Kornwerderzand]]
[[nl:Kornwerderzand]]
[[nl:Kornwerderzand]]

De ferzje fan 20 nov 2011 om 21.40

Koarnwertersân
Flagge fan Koarnwertersân Wapen fan Koarnwertersân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Koarnwertersân
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2004) 26
Webstee
Koarnwertersân
Lorentzslûzen by Koarnwertersân
skutslûs by Koarnwertersân
Douanegebou by Koarnwertersân

Koarnwertersân is in lyts doarp yn de gemeente Súdwest Fryslân, oan de knik yn de Ofslútdyk. It doarp hat likernôch 26 ynwenners (2004). Oant 2011 lei Koarnwertersân yn de eardere gemeente Wûnseradiel. Oarspronklik wie it in wurkeilân, dat foar de bou fan de Ofslútdyk oanlein waard op de sânplaat mei deselde namme dy't yn de Sudersee lei.

Kazematten

Tichtby Koarnwertersân lizze de Lorentzslûzen, in stelsel fan spuislûzen en in grutte en lytse skutslûs. Mei de Stevinslûzen behearskje se it wetterpeil fan de Iselmar, en dêrmei ek fan it efterlân. It wetter fan de Iselmar wurdt spuid op de Waadsee.

Dit waard fan militêre betsjutting achte yn ferbân mei inundaasjes. Dêrom is yn Koarnwertersân in stelsel fan kazematten oanlein dat de slûzen beskermje moat. Hjir is yn de Maaiedagen fan 1940 fûleindich fochten; it hat de ienige Nederlânske stelling west dy't hoekhold tsjinoer de Dútsers.

Koarnwertersân mei de slûzen en kazematten falle ûnder de beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân.

Sport en rekreaasje

Troch dit plak rint de Jeropeeske kuierrûte E9, ek wol North Sea Trail of Deltapaad neam. De E9 rint lâns de kust fan Portegal nei de Baltyske steaten.

Strjitten

Ofslútdyk, Slûswei.

Sjoch ek

Keppeling om utens