Sansibaroarloch: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JhsBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2+) (Bot - derby: no:Den anglo-zanzibarske krigen
Amirobot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: az:Anqlo – Zənzibar müharibəsi
Rigel 20: Rigel 20:
[[ar:الحرب الإنجليزية الزنجبارية]]
[[ar:الحرب الإنجليزية الزنجبارية]]
[[ast:Guerra Anglo-Zanzibariana]]
[[ast:Guerra Anglo-Zanzibariana]]
[[az:Anqlo – Zənzibar müharibəsi]]
[[br:Brezel Breizh-Veur ha Zanzibar]]
[[br:Brezel Breizh-Veur ha Zanzibar]]
[[bs:Englesko-zanzibarski rat]]
[[bs:Englesko-zanzibarski rat]]

De ferzje fan 10 nov 2011 om 12.44

Ynstoarte gebou nei de oanfal

De Sansibaroarloch is de koartste optekene oarloch ea.

By it ferstjerren fan Sultan Hamad bin Thuwaini fan Sansibar op 25 augustus 1896 kaam út de ynterne polityk fan Sansibar syn omkesizzer Khalid bin Bargash nei foaren as nije machthawwer. De âlde Sultan hie, nei it ynsicht fan de Britten, goed gearwurke mei Grut-Brittanje yn de kamp tusken Grut-Brittanje en Dútslân om de ynfloed yn Sansibar, mar de nije Sultan wie op de hân fan de Dútsers.

De Britten hienen dêrom leaver Hamud bin Muhammed as Sultan, dêr't se fan tochten dat er meiwurksummer wêze soe. Dat se beskôgen Khalid bin Barghash as in usurpator en easken mei in ultimatum syn ôfgean. Khalid bin Barghash akseptearre de Britske bemuoiïng mei de ynterne saken fan Sansibar net, en hy brocht it ienichste oarlochsskip dat Sansibar hie ta paratens, wylst in leger fan likernôch 2.800 man de ferdigening fan it paleis opsette.

De Britten settten Britske mariniers oan wâl op it eilân, en doe't op 27 augustus om njoggen oere it ultimatum ôfrûn en de oarloch begûn, iepenen trije Britske oarlochsskippen it fjoer op it eilân. Sansibar koe him hjir net tsjin ferdigenje, en koe fanwegen it Helgolânferdrach ek net rekkenje op stipe fan Dútslân, dat fjirtich minuten letter kapitulearre it eilân.

Sultan Khalid bin Bargash krige asyl fan Dútslân. Hamud bin Muhammed waard syn opfolger as Sultan fan Sansibar. Sansibar waard in koloanje fan Grut-Brittanje, yn elts opsicht útsein de formiele steat.

Sjoch ek