Azerbeidzjan: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: ps:آزرباییجان
JhsBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2+) (Bot - fuort: ks:अजर्बैजान
Rigel 161: Rigel 161:
[[ko:아제르바이잔]]
[[ko:아제르바이잔]]
[[krc:Азербайджан]]
[[krc:Азербайджан]]
[[ks:अजर्बैजान]]
[[ku:Azerbaycan]]
[[ku:Azerbaycan]]
[[kv:Азербайджан]]
[[kv:Азербайджан]]

De ferzje fan 7 nov 2011 om 19.59

Azərbaycan Respublikası
Flagge fan Azerbeidzjan Wapen fan Azerbeidzjan
Flagge Wapen
Lokaasje fan Azerbeidzjan
Offisjele taal Azery
Haadstêd Bakoe
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
86.800 km²
0,6­%
Ynwenners (2010) 9.000.000
Munt Manat (AZM)
Tiidsône UTC +4
Nasjonale feestdei 28 maaie
Lânkoade AZE
Ynternet .az
Tillefoan 994

Azerbeidzjan is in lân in Lyts-Aazje. De haadstêd is Bakoe en de president fan de republyk is sûnt 2003 Ilham Aliyev.

Geografy

Lizzing

Azerbeidzjan wurdt troch in tal lannen begrinzge:

Lânskip

Azerbeidzjan hat grutte ferskillen yn hichte. It leechste punt leit oan de Kaspyske kust, likernôch 28 m ûnder seenivo. It heechste punt is de Bazarduzu Dagi op de Kaukasus op de grins mei Ruslân, mei in hichte fan 4.485 meter. De grutste mar is de Mingəçevir-opslachmar, en de langste rivier is de Kura mei 1.515 kilometer.

It lân hat 9 ferskillende klimaatsônes, wêrûnder in woastynklimaat en in steppeklimaat yn it leechlân en in subtropysk klimaat yn de kustgebieten.

Skiednis

Yn de rin fan de skiednis hawwe ferskate kultueren en folken hearske oer Azerbeizjan, ûnder oaren: Perzen, Romeinen, Arabieren, Turken, Mongoalen, Griken, Britten en Russen.

Ynearsten waard it gebiet bewenne troch Kaukasyske Albanezen en Skyten yn de 9e ieu f. Kr.. Dêrnei hearsken de Meden dy't troch de Achaemeniden om 550 f. Kr. ferslein waarden. Yn 330 f. Kr. oerweldige Aleksander de Grutte op syn beurt de Achaemeniden. Nei it tiidrek fan de Grykske Seleusiden (dy't de gebieten fan Aleksander urven) ûntstie der in ier ûnôfhinklik keninkryk Armeenje dat fan 190 f. Kr. oant de 8e ieu bestean soe, oant de Arabieren der in ein oan makken. Yn de 11e ieu waarden de Seljuk Turken de oerhearskjende macht. Yn de 13e14e ieu hie it gebiet te krijen mei ynvaazjes troch Mongoal-Tartaren.

De Safawiden, dy't it yn de 16e ieu foar it sizzen krigen, leinen de foar it grutste part Soennityske befolking it sjiïsme op en strieden tsjin it Ottomaanske Ryk. Nei de fal fan de Safawiden yn 1722 ûntstienen ferskate lytse kanaten yn it gebiet dat no Azerbeidzjan neamd wurdt. Dizze kanaten wienen hieltyd mei inoar yn kriich en koenen gjin fûst meitsje tsjin de omlizzende steaten. Yn de rin fan de 18e ieu kaam it hieltyd mear yn de Russyske ynfloedsfear te lizzen en begjin 19e ieu waard it ûnderdiel fan it Russyske ryk fan de tsaren.

Doe't op de ein fan de Earste Wrâldkriich de Russyske tsaar ôfsetten waard en der in flinke boargeroarloch wie (Russyske revolúsje), waard yn Azerbeidzjan de Azerbeidzjan Demokratyske Republyk stifte. Dizze republyk wie de earste demokratyske moslimrepublyk yn de wrâld en soe twa jier lang, fan 1918 oant 1920 bestean. It Reade Leger makke in ein oan de selsstannigens en Azerbeidzjan waard diel fan de Sowjetuny.

Oant en mei 1991 soe Azerbeidzjan by de Sowjetuny heare. Dat jier stoarte de Sowjetuny yn en krige it har ûnôfhinklikens werom krektsa as de neistlizzende buorlannen Armeenje en Georgje. Al gau ûntstie kriich mei Armeenje oer de kristlike enklave Nagorno-Karabakh. Yn 1994 foel Armeenje Azerbeidzjan oan en oermastere de enklave, dy't sûnt dy tiid troch har beset holden wurdt. Yn de kriich foelen mear as in miljoen slachtoffers, en moasten 800.000 mensen flechtsje.

Demografy

Befolking

Befolkingsûntwikkeling yn tûzen

Azerbeidzjan hat 9.000.000 ynwenners. Goed 95 % fan de befolking heart ta it Turksprekkende folk fan de Azerbeidjanen. It oare part binne Russen, Oekraïners, Talysen, Joaden, Koerden, Avaren, Mesheten (106.000),Tataren, Türken, Armeenjers (Nagoro-Karabach), Georgiers en Lesginen. Fan de befolking wennet 52 % yn stêden.

As gefolch fan de oarloch om de regio Nagoro-Karabach wenje yn it lân ek noch 600.000 oant 700.000 Azerbeidjaanske flechtlingen.

Leauwen

Hoewol't it meastenpart fan de befolking Islamitysk is, is Azerbeidzjan in sekuliere steat en frij tolerant tsjinoer oare godstsjinsten.

Njonken de trije algemiene leauwen oertsjûgingen bestiet in Azerbeidzjan en noch in oar leauwe: it zoroastrisme dat it oarspronklike leauwen is fan Azerbeidzjan en Iran

Taal

It meastepart fan de Azerbeidzjaanske befolking sprekt foaral Azery. Azery is in Turkske taal en liket dan ek in soad op it Turksk, mar de taal hat ek in protte Arabyske, Perzyske en Russyske ynfloeden ûndergien. Neist it Azery wurdt it Russysk as twadde taal sprutsen. Fierders wurde noch ferskate talen sprutsen troch de lytse minderheden.

Keppeling om utens