Jane Seymour (aktrise): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
 
L r2.7.1) (Bot - derby: nl:Jane Seymour (actrice)
Rigel 68: Rigel 68:
[[it:Jane Seymour (attrice)]]
[[it:Jane Seymour (attrice)]]
[[ja:ジェーン・シーモア (女優)]]
[[ja:ジェーン・シーモア (女優)]]
[[nl:Jane Seymour (actrice)]]
[[no:Jane Seymour (skuespiller)]]
[[no:Jane Seymour (skuespiller)]]
[[pl:Jane Seymour (aktorka)]]
[[pl:Jane Seymour (aktorka)]]

De ferzje fan 7 nov 2011 om 16.37

Jane Seymour by de Oscarútrikking yn 2010
Jane Seymour by de Emmy Awards (1994)

Jane Seymour (berne as Joyce Penelope Wilhelmina Frankenberg Hayes, 15 febrewaris 1951) is in Britsk-Amerikaanske aktrise en filmprodusinte, dy't it meast ferneamd wurden is fan har haadrol yn Dr. Quinn, Medicine Woman. Njonken dat spile sy ek in in protte televyzjefilms en wie se it 'Bond-famke' yn de James Bond-film Live and Let Die (1973).

Seymour krige har toanieloplieding oan de ûnôfhinklike Arts Educational School, Tring Park yn it Ingelske greefskip Hertfordshire.

Privee

Seymour waard yn Ingelân berne as dochter fan John Frankenberg en Mieke Frankenberg-van Trigt, in Nederlânske út Dimter. Sadwaande kin sy har ek yn it Nederlânsk rêde.

Jane Seymour hat trijeris earder troud west:

  • 1971 troude sy mei Michael Attenborough, soan fan regisseur Richard Attenborough; 1973 folge de skieding
  • 1977 troude sy mei Geoffrey Planer, skieding yn 1978
  • 1981 troude sy mei David Flynn, skieding yn 1992
  • 15 maaie 1993 boaske sy oan akteur, regisseur, produsint en jongere broer fan akteur Stacy Keach, James Keach.

Sy hat fjouwer bern, twa út it tredde en in twaling út it lêste houlik.

Filmografy (karút)

  • 1972: The Onedin Line, TV-rige
  • 1973: Live and Let Die
  • 1977: Sinbad and the Eye of the Tiger
  • 1978: Battlestar Galactica
  • 1980: Oh Heavenly Dog
  • 1980: Somewhere in Time[1]
  • 1981: East of Eden
  • 1982: The Scarlet Pimpernel
  • 1983: The Phantom of the Opera
  • 1988: Jack the Ripper
  • 1988–1989: War and Remembrance
  • 1989: La Révolution française
  • 1990: Matters of the Heart
  • 1993: Heidi
  • 1993–1998: Dr. Quinn – Medicine Woman
  • 1998: The New Swiss Family Robinson
  • 2000: Yesterday’s Children
  • 2004–2005: Smallville
  • 2005: Wedding Crashers
  • 2007: How I Met Your Mother (gastrol)
  • 2011: Love, Wedding, Marriage

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Somewhere in Time yn Internet Movie Database