Feriene Eastyndyske Kompanjy: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 85: Rigel 85:
[[ru:Голландская Ост-Индская компания]]
[[ru:Голландская Ост-Индская компания]]
[[simple:Dutch East India Company]]
[[simple:Dutch East India Company]]
[[sl:Nizozemska vzhodnoindijska družba]]
[[sv:Holländska Ostindiska Kompaniet]]
[[sv:Holländska Ostindiska Kompaniet]]
[[ta:டச்சுக் கிழக்கிந்தியக் கம்பனி]]
[[ta:டச்சுக் கிழக்கிந்தியக் கம்பனி]]

De ferzje fan 7 nov 2011 om 11.47

It VOC-logo
It feitlik oktroaigebiet fan de FEK

De Feriene Eastynjeske Kompanjy, FEK (Vereenigde Oostindische Compagnie, VOC) wie in bedriuw dat yn de 17e ieu en de 18e ieu it Nederlânsk monopoalje op hannel mei Eastynje hie. It wie opset foar it permanint finansierjen fan Eastynjereizen, yn stee fan it finansierjen fan aparte reizen sa't dat oant dan ta dien waard. Hjirta waarden seis keamers oprjochte, yn fiif plakken en ien provinsje dy't hannel mei Eastynje hienen. Dy keamers brochten kaptaal yn troch de útjefte fan oandielen. Mei dat kaptaal waarden de skippen finansiere, en letter ek alle fêstigings fan it bedriuw yn Eastynje. Mei dy fêstigings waard de FEK ta in multynasjonaal bedriuw, net folle oars as hjoeddeiske multinasjonale bedriuwen.

De eartiids yn seefeart en hannel útblinkende Friezen hawwe net in grut oandiel hân yn de VOC (1621-1800). Se hienen oandielen, namen tsjinst op VOC-skippen en emigrearden soms nei Súdeast-Aazje. Doe't yn 1602 ynskreaun wurde koe op de oandielen, skreau Fryslân mar foar sa'n F 8000.000 yn en krige ien fan de keamers. De Friezen wienen hjiroer fergrime. Se kearden har tsjin de Hollânske en Sieuske kapitalisten en de Hollânske hegemony (1603-1665). In eigen Fryske VOC bestie sûnt 1642, mar allinnich op papier. Fryske keaplju, dêrby steund troch harren Steaten en steedhâlder Willem Freark hawwe omdochs besocht tusken de nei frijheid stribjende kolonisten en de monopolistyske bewâldhawwers fan de VOC in kyl te driuwen. Hollân ferwite de Friezen gebrek oan aksje by de oprjochting. Boppedat krigen se de rie de te keap oanbeane oandielen oer te nimmen.

VOC-stêden

Skipswerf dan de VOC op Oostenburg yn Amsterdam

.

Inkelde VOC-retoerskippen

Keppeling om utens

Replika fan de Duyfken
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Category:Dutch East India Company