Grutte Pier: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 4: Rigel 4:
== Libben en skiednis ==
== Libben en skiednis ==
Wat min-ofte-mear fêststiet is dat Pier berne waard yn [[Kimswert]], yn de 2e helte fan de [[15e ieu]] sa om [[1480]] hinne. Hy wie de soan fan Gerlof Piers Donia en Fokel Sybrants Bonga en troude mei [[Rintsje Syrtsema]]. It pear krige yn [[1506]] in soan, Gerlof Piers Donia. De frou fan Pier Gerlofs Donia ferstoar yn 1515.
Wat min-ofte-mear fêststiet is dat Pier berne waard yn [[Kimswert]], yn de 2e helte fan de [[15e ieu]] sa om [[1480]] hinne. Hy wie de soan fan Gerlof Piers Donia en Fokel Sybrants Bonga en troude mei [[Rintsje Syrtsema]]. It pear krige yn [[1506]] in soan, Gerlof Piers Donia. De frou fan Pier Gerlofs Donia ferstoar yn 1515.

Yn oktober 2011 waard yn 'e tsjerke fan Kimswert de grêfsark fûn fan 'e pastoar



Yn [[1498]] kaam Fryslân ûnder it bewâld fan [[Albrecht fan Saksen]] dy't om de problemen yn Fryslân oanpakke te kinnen, hiersoldaten nei Fryslân helle. Doe't dat, nei syn dea, lykwols net genôch seadden oan de dyk sette, ferkoft [[Joaris mei it Burd|syn soan]] syn rjochten oan de lettere [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]].
Yn [[1498]] kaam Fryslân ûnder it bewâld fan [[Albrecht fan Saksen]] dy't om de problemen yn Fryslân oanpakke te kinnen, hiersoldaten nei Fryslân helle. Doe't dat, nei syn dea, lykwols net genôch seadden oan de dyk sette, ferkoft [[Joaris mei it Burd|syn soan]] syn rjochten oan de lettere [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]].

De ferzje fan 31 okt 2011 om 14.25

In skilderij mei Grutte Pier yn de midden.

Grutte Pier (1480? - 28 oktober 1520) is de namme dêr't Pier Gerlofs Donia as Fryske frijheidsstrider bekend ûnder wurden is. Om syn figuer hat safolle mytefoarming west dat it slim te sizzen is hokker ferhalen op wierheid berêste en hokker net.

Libben en skiednis

Wat min-ofte-mear fêststiet is dat Pier berne waard yn Kimswert, yn de 2e helte fan de 15e ieu sa om 1480 hinne. Hy wie de soan fan Gerlof Piers Donia en Fokel Sybrants Bonga en troude mei Rintsje Syrtsema. It pear krige yn 1506 in soan, Gerlof Piers Donia. De frou fan Pier Gerlofs Donia ferstoar yn 1515.

Yn 1498 kaam Fryslân ûnder it bewâld fan Albrecht fan Saksen dy't om de problemen yn Fryslân oanpakke te kinnen, hiersoldaten nei Fryslân helle. Doe't dat, nei syn dea, lykwols net genôch seadden oan de dyk sette, ferkoft syn soan syn rjochten oan de lettere Karel V.

Pier Donia wie boer yn Kimswert mar syn pleats, de Osingastate, waard yn 1515 troch hiersoldaten fan de Swarte Heap platbaarnd. Mûglik is dêrby ek syn frou fermoarde. Troch dy oanfal ûntwikkele Pier him ta in fûl bestrider fan Saksyske en Hollânske besetters. Hy foarme tsjin de Swarte Heap in eigen binde, ûnder de namme fan de Arumer Swarte Heap, en ûnder syn lieding operearre in kapersfloat, fan Makkum en Warkum út op de Sudersee.

Oan Pier wurdt in reuseftich stalt en boppeminsklike krêften taskreaun. Oan Pier wurdt ek it tongbrekkerssechje "Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries" taskreaun. Pier soe dat brûkt hawwe om nei te gean of de lju oan board fan de skippen wol Friezen wiene. Wie dat net it gefal dan soenen hja kylhelle wêze en harren skip leechrôve.

Leginden

Neffens de leginde droegen Pier en syn mannen de bút fan de plundere skippen ôf oan hartoch Karel fan Gelre, dy't stipe yn de striid tsjin de Hollanners tasein hie. Doe't bliken die dat Karel yn 1517 sels in machtsposysje yn Fryslân besocht te krijen, wie Pier sa teloarsteld dat er him werom luts út de striid. Syn lêste jierren wenne er yn Snits, dêr't er op 28 oktober 1520 ferstoar.

De leginde wol hawwe dat ek syn bern fermoarde binne troch de Saksen. Hjir is sibbekundich ûndersyk nei dien, en it soe kinne dat syn soan Gerlof Piers it oerlibbe hat, en dat syn neikommelingen der ek hjoed de dei noch yn Nederlân en Amearika libje. Ek it ferstjerren fan syn dochter is foar in lettere datum optekene.

Stânbyld fan Grutte Pier yn Kimswert

Yn it sintrum fan syn bertedoarp Kimswert stiet in stânbyld fan Pier Donia, makke troch Anne Woudwijk.

Grutte Pier yn sechjes en siswizen

  • "De biezem yn 'e mêst," sei Grutte Pier "wy sille de Sudersee skjinfeie".
  • Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries".

It swurd fan Grutte Pier

Grutte Pier soe ek yn fjildslaggen domineare hawwe mei in geweldich grut swurd. Dat stielen slachswurd wie 2,15 meter lang en weage goed 6 kilo. Neffens de oerlevering koe hy mei dat swurd de haden fan meardere fijannen tagelyk ôfhakje. It ûnderstelde swurd fan Grutte Pier hinget tsjintwurdich (2008) yn it Frysk Museum yn Ljouwert. Ek yn de taapkeammer fan Herberch 'De Greate Pier' yn syn berteplak Kimswert hinget 'it ienige wiere swurd fan Grutte Pier'. Syn helm wurdt bewarre yn it stêdhûs fan Snits.

Boarne en Literatuerferwizing

Keppeling om utens